Feie Fonyk: donor

jannewaris 30, 2018 12:38

Earste Keamer. Foto: wikipedia

Sawat njoggen moanne lyn stimde de Twadde Keamer foar de donorwet. It ferskil wie lyts, 75 foar en 74 tsjin. As Frank Wassenberg fan de Partij voor de Dieren op tiid yn De Haach west hie, dan wie de wet der dêr net trochkommen. Hjoed, tiisdei 30 jannewaris, sil de Earste Keamer oer it wetsfoarstel gear. As de wet oannommen wurdt, is eltsenien donor as er net fêstlein hat dat er dat net wol. Ik bin al jierren donor. Se meie alles fan my hawwe. Dochs haw ik twivel by dy wet. Dy twivel begjint by de stimming yn Twadde Keamer. As it ferskil tusken foar en tsjin sa lyts is, wêrom it wetsfoarstel dan dochs trochsette?

Demokrasy is foar my net dat de mearderheid beslist. It liket my dat by sokke wichtige besluten ek rekken holden wurde moat mei de minderheid en dy is no wol tige grut. Der is in soad wjerstân tsjin it nije wetsfoarstel fan D66 en dy komt fan alle kanten. Sawol fan minsken dy’t leauwe as fan ateïsten. De fraach is yn hokker mjitte de oerheid rjocht hat op jins lichem nei de dea.

It giet om it ôfwagen fan belangen. Fan de iene kant it belang dat men baas is oer jins eigen liif. Dat is betreklik. Bern ynintsje tsjin polio en in tal oare sykten is ferplichte, mar as it derop oankomt, kin net ien ús ferplichtsje om de bern intsje te litten. Ik bin fan betinken dat dan de wet brûkt wurde moat dy’t ôfrûne jier yn Italië ynfierd is of noch ynfierd wurdt. It betsjut dat bern dy’t net inte binne, net talitten wurde op skoalle of pjutteboartersplak. Fan de oare kant is der it belang fan deasike minsken dy’t oerlibje kinne troch myn deade lichem.

It idee dat men yntakt de kiste of it fjoer yn wol, liket my net sterk.

Omdat de fraach nei donororganen grut is, soe ik as senator foar de wet stimme. Tsjin myn prinsipe. Op dit stuit binne in soad minsken te benaud of te lammenadich om it beslút te nimmen oer wat mei harren lichem bart nei de dea. Dizze wet, as dy der trochkomt, hat as gefolch dat minsken twongen wurde deroer nei te tinken. It idee dat men yntakt de kiste of it fjoer yn wol, liket my net sterk.

Emosjoneel sil it net maklik wêze as jins soan of dochter – ideale donoaren – troch in ferkearsûngelok om it libben kommen is en dea oan de beademing leit en as dan de fraach komt oft se alles fan it lichem hawwe meie. It tsjûget fan minsklikheid en moed om dan dochs tastimming te jaan.

Se soene by wet fêstlizze kinne dat wa’t net jout ek net kriget. Soks giet te fier neffens in tal freonen en famylje fan my. Sa’n wet sil der grif net komme. Myn fraach bliuwt: mar wat dan? Miskien dat wy yn de takomst mei oare biologyske ûntjouwingen of troch kseno-transplantaasje, fan dier nei minske, in oplossing fine, mar fan minsken nei minsken is makliker.

jannewaris 30, 2018 12:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.