Feie Fonyk: Arke

jannewaris 11, 2018 12:00 Fernijd

Minsken leauwe de gekste dingen. Sa binne der bygelyks minsken dy’t leauwe dat de Arke fan Noach út it bibelske Genesisferhaal wier bard is en op de berch Ararat yn Turkije te lâne kommen is. Der skine bewizen te wêzen dat der op in pear tûzen meter hichte oerbliuwsels fan in grut skip lizze. In pear tûzen meter hichte en dan in skip. In skip dêr’t neffens it ferhaal alle dieren fjouwer moanne lang in plak yn fûnen om te oerlibjen mei Noach en syn famylje. Hoe gek kinne jo wêze.

Hast berneboeken mei plaatsjes dêr’t oaljefanten, siraffen en liuwen kreas twa oan twa de planke oer rinne om yn it skip te kommen. It plaatsje by dizze kollum komt fan de stichting Holyhome.nl. Dat is in organisaasje fan minsken dy’t mei de bêste bedoelingen, teminsten dat nim ik oan, it folk warskôgje wolle dat it net goed komt mei de wrâld. In lyts stikje fan harren side.

 Aan het einde van de tijd wordt onze tegenwoordige wereld vernietigd

Een nieuwe hemel en een nieuwe aarde zal er voor in de plaats komen. ‘Dan zal de hemel met een vreselijk lawaai vergaan; de elementen zullen door vuur worden verteerd en de aarde zal, met alles wat erop gebeurt, bloot komen te liggen. Als u eraan denkt dat alles verteerd zal worden, hoe heilig en zuiver moet u dan wel leven! U moet vol verwachting naar die dag toeleven en eraan meewerken dat hij gauw komt. Op die dag zal de hemel door vuur verteerd worden en zullen de elementen door de vlammen smelten. Maar waar wij eigenlijk naar uitkijken, dat zijn de nieuwe hemel en de nieuwe aarde, die God beloofd heeft. Daar zal alles goed en rechtvaardig zijn’. (2 Petrus 3:10-13).”

Op harren ynternetside wurdt it ferhaal fan Noach mei in soad plaatsjes neiferteld foar bern. No liket my dêr op himsels neat op tsjin. Ik bedoel mar: wy fertelle de bern ferhalen oer kabouters, heksen en dieren dy’t prate kinne. It wurdt wat oars as folwoeksenen dy’t gewoan by harren ferstân binne, dy bibelske ferhalen foar wier oannimme.

Ien fan dy minsken is oannimmer Johan Huibers. Hy hat de Arke fan Noach neiboud, in replika. Mei dy saneamde ferhale-arke, dy’t 70 x 10 x 13 meter mjit, wol er de minsken de wearde fan it bibelske Noachferhaal útlizze. Doe’t Huibers 33 jier wie krige er in dream dat hiel Noard-Hollân ûnder wetter kaam te stean. Dêrnei fielde er him roppen om in arke te bouwen. Undertusken hat er in twadde gruttere arke boud.

Wat my ynnimt foar de man is syn wurkkrêft en entûsjasme. Yn fideofilmkes fan sa’n twa minuten leit er freonlik út hoe’t dat koe mei al dy dieren. Neffens Johan Huibers naam Noach 1600 soarten dieren mei. Sa naam er ien pear bearen mei, ien pear hûnen, mar sân pear kij, gjin grutte krokodillen, mar lytse noch jonge dieren, gjin grutte folwoeksen oaljefanten, want dy soene troch de flier sakje, mar in pear jonge lytse bisten. It is eins ûnbegryplik dat hjir in folwoeksen man sit, dy’t yn in pear jier tiid kâns sjocht om sa’n skip te bouwen en by steat in om lytse begryplike fideofilmkes op youtube te krijen, dat sa’n man sokke healwize ferhalen fertelt en der blykber sels yn leaut.

Oant no ta hie ik my nea ferdjippe yn dy arke en der nea hinne west. It skynt aardich te wêzen. Troch de stoarm fan ferline wike rekke de saneamde ferhale-arke los en hy dreau tsjin oare skippen oan, dy’t no skeind binne. Dat barde yn de haven fan Urk.

Wat moatte wy mei dat Noachferhaal en mei de kristen-fûnemintalisten dy’t mei sokke folslein ûnbegryplike ûnsin komme. Ik diel ien konklúzje fan harren. As is sa trochgiet as no, komt it net goed mei ús ierde. It minskdom fokt mar raak en der komme fierstente folle minsken. Dat sil ta rampen liede. Spitigernôch hawwe de lju dy’t it ferhaal fan Noach as wier beskôgje net selden in hokfol bern, omdat se it “gean hinne en fermannichfâldigje jim” út itselde boek Genesis mar al te graach serieus nimme. Se soene it nije jier goed begjinne kinne troch dêrmei op te hâlden.

jannewaris 11, 2018 12:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Peter jannewaris 11, 14:26

    Goed ferhaal

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*