Ekskús

jannewaris 24, 2018 10:25

Kollum fan Aant Mulder

Immen ekskús meitsje, dat falt net ta. No kin dat fansels gewoan betsjutte dat it net tafalt en jou ta dat men wat ferkeard sein, skreaun of dien hat. Dat soks net tafalt, kin ik wol begripe. Dat bedoel ik diskear lykwols net. Nee, ik bedoel dat it net tafalt en fyn dêr de goede wurden foar. As dy goede wurden dan ek noch opskreaun wurde moatte, wurdt it helte lestiger. No’t ik dêr goed oer neitink, kom ik ta de konklúzje dat we dêr yn it Frysk eins net iens in goed wurd foar ha. Dat sil dochs net betsjutte dat Friezen soks net dogge, dat Friezen gjin ekskús meitsje. Dat soe net bêst wêze.

Wy soene samar tinke kinne dat se om ús hinne dêr wat liniger mei omgeane. De Ingelsken sizze ‘sorry’; de Frânsen brûke it tiidwurd ‘excuser’; de Dútsers hawwe it oer ‘Verzeihung’ en Hollanners ha it oer ‘Neem mij niet kwalijk’. Dat lêste hâldt al net oer! Wa seit dat no! Datselde jildt eins ek foar ús as Friezen. Wy moatte sizze ‘Nim my net kwea’, of ‘Nim my net kwea-ôf’. No, ik leau net dat we dat faak hearre. ‘It spyt my’, ‘It muoit my’, ‘Ik hie dat net sizze moatten’, ‘Ik hie dat net dwaan moatten’, dat is ús wat eigener, mar by datsoarte fan sintsjes begjinne we likegoed faak mei ‘Sorry’. It is wol dúdlik. It Ingelske ‘sorry’ en it Frânske ‘ekskuser’ slane by ús foar master op. It is net oars.

Dat ik der no by stilstean, komt om’t ik immen yn in mailtsje ekskús makke. Ik brûkte dat frjemde wurd as wie it my eigen, mar ik stroffele oer de skriuwwize. Dat hie ik earst hielendal net yn ’e gaten. Ik skreau ‘ekskuses’, sa’t we dat yn it Frysk skriuwe, alteast dat tocht ik. By de ‘ú’ moat men altyd efkes neitinke oer dat streekje op de ú. Moat dat no al of net. Dat moat dus by ‘ekskús’ (in sletten wurdlid) al en by ‘ekskuses’ (in iepen wurdlid) net. Ik wit net wêrom’t ik it meartal keas. Hie ’k dat mar net dien. Myn eksuses mei in stimleaze ’s’ en mei de meartalsútgong ‘-es’, kaam in reaksje op. De persoan yn kwestje mailde dat ekskuzen, no mei in stimhawwende ‘z’ en mei de meartalsútgong ‘-en’ net nedich wiene. Moai fansels, mar dy skriuwwize fernuvere my. De man hie him grif net fersind. Sa goed ken ik him wol. Hie ik my dan fersind?

Tiid foar it wurdboek! Dêr steane beide mooglikheden, earst ‘eksuses’ mei in ‘s’ en ‘es’ en dan ekskuzen mei in ‘z’ en ‘en’. Neat te rêden dus. Likegoed sjoch ik ek noch efkes by de foarkarswurdlist op Taalweb.frl fan de Fryske Akademy. Begjin 2015 is de stavering ommers oanpast en dy feroaringen kinne we allinne mar op dy side fine. Dêr stiet ‘ekskuzen’, mei in ‘z’ en ‘en’. De foarm dy’t ik brûkte, stiet der net by, ek net as fariant. Dy foarm is dus net goed. As ik wer ‘ekskuzen’ meitsje wol, moat ik dat mei in ‘z’ en ‘en’ skriuwe. Hoewol’t ik altyd besykje neffens de foarkarswurdlist te skriuwen, wie dy feroaring my likegoed ûntkommen.

Ik sneup noch in skoftke yn wurdboeken en op Taalweb om. Ik kom ta de konklúzje dat de wurdboeken, faak twa mooglikheden jouwe om meartallen te foarmjen, krekt as by ‘ekskús’ dus. Dat komt om’t it ynternasjonalismen binne. Wurdboeken hâlde rekken mei de meartalsútgongen fan dy wurden yn de eigen en yn de oare taal. Op Taalweb wurdt earder in dúdlike kar makke op grûn fan de eigen grammatikaregels. Wurden út in frjemde taal ha dêrom hast allegearre ‘n’ of ‘en’ as meartalsútgong om’t de klam op it lêste wurdlid leit of om’t se op in ‘e’ einigje. Dus: ekskuzen, yndividuën, tribunen, ûvertueren, rûten. De foarmen mei in meartals ’s’ binne op syn heechst noch farianten. Likegoed is it net in konsekwint ferhaal. Dat stiet ek op Taalweb: ‘Ynternasjonalismen dy’t op in lûd einigje hawwe soms in meartals-s en soms in meartals‑en.’ En dus komme we ek tsjin: paraplu’s, tenu’s, akku’s, wylst yn it wurdboek noch wol parapluën en tenuën steane. Hawar, it wurdsje ‘ekskús’, dat is dúdlik: ekskús-ekskuzen, krekt as roas-roazen!

Ik ha wer wat leard. It is fansels wol nuver dat we de goede skriuwwize allinne mar op Taalweb fine kinne as we om dat spesifike wurd sykje. As men fierder witte wol wat krekt feroare is, moat men oersjoggen op dyselde side iepenje en/of delhelje. Likegoed haw ik dan noch it gefoel dat dêr net alles yn neamd wurdt. No’t der noch mar ien plak is dêr’t alles stiet, sa’t we dat no ôfpraat hawwe, moat it dêr wol allegearre maklik fûn wurde kinne.

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder

Wy sitte ommers noch wol tangele mei wurdboeken dy’t no net mear hielendal doge. Dat kin net. Ik wit wol, it binne gjin haadsaken, mar foar wa’t besykje wol om it Frysk goed te brûken, is soks frustrearjend. Ik kin dêr dus oer meiprate, mar dat hiene jimme al begrepen. Wa’t efkes wat opsykje wol, brûkt wurdboeken. Dat sil net gau feroarje. Wy kinne wol tinke dat alle Frysk skriuwende Friezen daliks nei Taalweb gripe, mar dat is fansels net sa. Nee, we hawwe thús en op skoalle in wurdboek nedich, it leafst F-N en N-F dêr’t gewoan de stavering fan 2015 konsekwint yn beskreaun wurdt. Dat jout dúdlikens. De dingen feroarje is ien ding, mar dat freget fan de Provinsje en fan de Fryske Akademy ynspanningen om alle brûkers fan dy feroaringen op ’e hichte te bringen. Dat kin net allinne digitaal. Dêrfoar brûke we mei-inoar noch tefolle papier. Dy ynspanningen passe moai by 2018. Ik lês oer ‘Obe’ en ‘Lan fan taal’ en dat we mei-inoar it hiele jier taal fiere. Dêr heart in kadootsje by. In hiel nij wurdboek, soe ´k sizze. Leaver gjin ferlechjes en al hielendal gjin eksuzen!

 Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 20 jannewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

jannewaris 24, 2018 10:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*