Earste ‘real Bitcoins’ yn Fryslân

jannewaris 17, 2018 15:36

Minsken krije him fergees en hy is weardefêst. No binne der al 70.000 fan dy munten yn omloop. In goed jier lyn kamen de earste eksimplaren fan dy munten yn Drinte, dy’t klanten fergees krigen by selsstannige winkellju.

Koartlyn is de earste winkel yn Fryslân, Kiekes yn Wolvegea, úteinset mei Spaarmunt.nl. Al draait it sparsysteem noch mar in pear moanne, de klanten fine it prachtich en hawwe no in ekstra reden om faker in besite te bringen oan dy nostalgyske winkel midden yn Wolvegea.

De munten binne it idee fan selsstannige winkellju dy’t klanten dêr kollektyf mei beleanje. Hieltyd mear minsken sparje de griene munten, dy’t in aardige wearde hawwe. Hat men der genôch fan, dan kin men der aardige dingen foar keapje, lykas telefyzjes, stofsûgers en ôfwaskmasines. Yn in spesjaal dêrfoar ûntwikkele app steane alle artikels dêr’t men út kieze kin.

Sa’n 25 winkellju binne der in jier lyn mei begûn. Om de oandacht fan de konsumint fêst te hâlden, moasten se tige advertearje. Dat brocht in soad kosten mei, mar lang net altyd genôch respons. Dêrom betochten de winkellju in plan. It jild dat se oars útjoegen oan advertearjen, giet no fuortendaliks nei de klant. Der folge in spannende tiid foar de winkellju. Woene de klanten dy munten wol? Soene klanten dêr faker troch weromkomme en – ek hiel wichtich ­– soe it ek nije klanten lûke? Op dy fragen is nei in jier noch gjin helder antwurd te jaan. De dielnimmende winkellju fernimme wol dat it hieltyd drokker begjint te wurden. Mar oft dat no troch de munten komt, is net wis. De winkellju hawwe ûnderinoar ôfpraat dat se ek reklame foarinoar meitsje. Troch it brûken fan ynformaasjekaarten wize se de klanten subtyl troch nei oare dielnimmende winkels. Mûle-op-mûlereklame mei noch mear sparmunten yn it foarútsicht!

No binne al in soad klanten ambassadeur wurden foar de winkels, en fertelle famylje en freonen oer de mooglikheid fan munten te sparjen. De earste ferieningen hawwe ûnderwilens de leden ek oantrune om te sparjen. Dy hoopje der aardige prizen foar te heljen foar bygelyks de bingo.

Mei in rûnfraach die bliken dat noch lang net alle winkellju der profyt yn sjogge. De reaksjes binne wikseljend, lykas “Klanten moatte gewoan betelje, dy beleanje ik werklik net”, “Ik meitsje gjin reklame foar oare winkels”, “Ik leau yn myn eigen krêft, net yn it jaan fan sparmunten”, “As klanten allinnich noch mar komme wolle om munten te sparjen, meie se om my wol weibliuwe”. Dat binne stevige útspraken. In soad winkellju hawwe in dreech skoft achter de rêch en binne hoeden wurden foar konsepten dy’t harre saneamd de hin mei gouden aaien bringe moat.

Al binne net alle winkellju like posityf oer it konsept, de dielnimmers fan no leauwe deryn dat se sels de beweging nei de klant ta meitsje moatte. De tiid fan kalm ôfwachtsjen leit no wol fier achter ús, jouwe se oan. “Yn in tiid dat webshops oerinoar hinne rôlje, moat men as fysike winkel de klanten koesterje,” sei Bert Schomaker, eigener fan Schomaker TV-Audio-Witgoed yn Emmen. Troch de krêften te bondeljen meitsje wy inoar striidber foar de takomst.

Neist winkels nimme no ek oare bedriuwen diel, lykas in taksibedriuw, limousine-ferhier, rydskoalle, wasserette, snackbar en pankoekrestaurant. It ferskaat is tige wichtich, neffens de ûndernimmers. Der binne al hûnderten klanten dy’t wol gauris by mear as ien dielnimmer de munten sparje.

jannewaris 17, 2018 15:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.