De seine fan de merkwurking (3)

jannewaris 29, 2018 20:00 Fernijd

Kollum fan Jabik van der Bij

Hie ik it yn de ôfleveringen 1 en 2 oer de merkwurking yn de ynboargeringsproseduere en yn it ûnderwiis, dizze kear wol ik it hawwe oer de merkwurking yn de soarch. Dêr wurdt fan alle kanten oer klage.

Fan ’e wike hearde ik noch fan in frou dy’t op in nuloerekontrakt wurket. Se wit net wannear’t se oproppen wurdt. As se dan oproppen wurdt, kin it bêst wêze dat se moarns fan seis oant acht opdrave mei en jûns fan fiif oant sân. De ôfstân nei har wurkplak is trijekertier mei de bus. In oar gefal. De soarchynstelling wurdt fallyt ferklearre. Alle meiwurkers krije ûntslach. De ynstelling makket in trochstart. Der wurde nije minsken beneamd tsjin in leger lean, ûnder oaren guon dy’t der earder ek al wurken. Oaren meie mei in nuloerekontrakt weromkomme of as selsstannige sûnder personiel oan ’e slach. Dat is foar de soarchynstelling foardieliger, mar dan grif net foar dy SSP’er.

De managers yn de soarch witte wêr’t se har jild weihelje moatte. Betink in falboete yn in fersoargingshûs en der wurdt grif oan fertsjinne. Sa stevich stiet dat âlde folk net mear op ’e skonken. Sikehuzen ha dat ek ûntdutsen. Pasjinten útsiikje litte kin thús wol. In nije pasjint dêr’t noch fan alles oan fertimmere wurde moat, smyt yn it sikehûsbêd mear op.

Al langer is der diskusje oer de hichte fan de kosten yn de sûnenssoarch. Dy rinne sa heech op dat se eins net mear te beteljen binne. Wy libje yn in tiid dat de wittenskip ús hieltyd better helpe kin as wy in krupsje ha en de farmaseutyske yndustry fynt oan ien wei nije genêsmiddels út dy’t de ein fan ús libben wat fierder fuortskoot. Mar soks is net fergees. Al dy knappe hielmasters litte har rynsk betelje. Foar in part is dat te rymjen mei it ferantwurdlike en drege wurk dat se dogge. Der binne guon dy’t har yn partikuliere kliniken sa royaal betelje litte dat it yn gjin ferhâlding mear stiet ta wat se dogge. Om my mei immen dy’t in fin mear hat as in bears ek wol wat mear fertsjinje, mar der moat net fergetten wurde dat sokken harren talinten ûntjaan kinnen ha trochdat de mienskip harren troch it publyk betelle ûnderwiis de kânsen jûn hat. Dêr mei dyselde mienskip letter net nochris in rekken foar ûnder de noas skood wurde. Krekt yn de sûnenssoarch draait it om solidariteit en mienskipssin. Dêrom liket it my ta dat dokters yn tsjinst fan in sikehûs wêze moatte. Dan kinne se krektlikegoed in ynkommen barre dat ôfstimd is op de swierte fan harren wurk. Se dogge dat wurk dochs omdat se it minskdom fan tsjinst wêze wolle en net allinne om der stjonkende ryk fan te wurden?

Yn it ferlingde dêrfan moat de farmaseutyske yndustry neamd wurde. Ferline wike lei it genêsmiddel Spinraza ûnder fjoer. Spinraza is ûntwikkele troch in Amerikaansk bedriuw en it skynt effektyf te wêzen foar minsken dy’t SMA (in spiersykte: spinale musculaire atrofy) hawwe. It probleem is dat it middel sa djoer is dat it de spuigatten út rint. It kostet € 500.000 euro de pasjint yn it earste jier en goed € 250.000 yn de jierren dêrnei. De etyske fraach is dan: moat elk bedrach betelle wurde of kin it om de kosten wegere wurde troch de fersekering? It Zorginstituut, it orgaan dat advysearret oer de genêsmiddels hat freed sein dat it Spinraza net yn it soarchpakket kin, omdat it te djoer is. Der is grutte argewaasje ûntstien oer de hâlding fan de produsint. Wêrom moat it safolle kostje, wylst it bedriuw in winstmarzje hie fan 38% it ôfrûne jier? In foarbyld dat sjen lit hoe’t de farmaseutyske fabryk de fersekeringen en de pasjinten yn ’e tange hat: net betelje, dan gjin medisyn. Men soe it de merkmacht fan de fabrikanten neame kinne. Eins ha wy it sels út hannen jûn mei de patintwet en de tsien jier lange beskerming tsjin konkurrearjende middels. Fansels kostet it ûntwikkeljen in hânfol jild. Der moat jierrenlang yn ynvestearre wurde. It duorret yn guon gefallen bytiden fyftjin oant tweintich jier foar’t in genêsmiddel goed úttest is en op de merk brocht wurde kin. Mar hjir ek brûke de fabrikanten de kennis fan subsidiearre ynstituten en net te ferjitten de jilden út de fûnsen dy’t byinoar skarrele binne troch minsken dy’t mei kollektebussen by de streek lâns geane. Hjir wol ik ek yn ’e pleit foar de ‘non-profit farma’. Jou de universiteiten en ûndersyksynstituten de romte om genêsmiddels te ûntwikkeljen en fiel se as oerheid sels oanhâldend oan ’e pols. No is it in gefjocht efterôf. Dat it middel dêrnei makke wurdt yn partikulier bedriuw hoecht gjin beswier te wêzen, mar de oerheid (dat binne wy as mienskip) hâldt sels de leie yn ’e hân as it om de priis giet.

Elkenien kin de ‘segeningen’ fan de merkwurking oanfolje: oer de WMO, útkearingen ensafuorthinne. In protte minsken hawwe der lêst fan en skjin har nocht fan dat evangeelje fan it kapitaal. Wa makket dêr in ein oan? Mei in fariant op “Proletariërs aller landen, verenigt u” soe ik sizze: “Politisy fan Nederlân, bekear jimme.”

jannewaris 29, 2018 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.