De seine fan de merkwurking (2)

jannewaris 8, 2018 14:45

Kollum fan Jabik van der Bij

Fjirtjin dagen lyn makke ik my drok oer it feit dat de ynboargering fan nijynkommelingen oerlitten is oan de ‘merk’. Op in hiel oar mêd spilet in soartgelikense kwestje. Yn it ûnderwiis hearsket ûnfrede oer de salarisstruktuer, oer de wurkdruk en oer in driigjend tekoart oan learkrêften.

Dat de wurkdruk heech is wol my wol oan. Foar in part sil dat komme troch alle administrative rompslomp. Miskien is it ambysjenivo by de lanlike bestjoerders te heech. No’t it wenst is om te easkjen dat it yndividuele bern in eigen learprogramma hawwe moat, kin ik my yntinke dat ik nea klear komme soe mei myn wurk en altyd mei it gefoel nei hûs gean soe dat ik wer tekoartsketten wie. Dan hie ik 1964 yn Alkmaar mei myn 48 bern yn de klasse dei en nacht trochwurkje moatten en it noch lang net foarinoar krige. Troch al dy behannelplannen dy’t der tsjintwurdich opsteld wurde moatte, begjint it ûnderwiis hast wer te lykjen op it ‘haadlik ûnderwiis’ fan foar de Frânske tiid. Miskien hawwe jo de tekening wolris sjoen fan in rychje bern dat te wachtsjen stiet by de kateder fan de master op in beurt om holpen te wurden. Elk hie syn eigen taak en de master moast it alle bern ien foar ien útlizze as se it sels net koene. It klassikaal ûnderwiis wie in stap foarút, mar hie tagelyk it neidiel dat der dien waard as soene alle bern op deselde wize en yn itselde tempo leare. Pedagogen hawwe nei de oarloch oantrune op differinsjaasje. Ik haw it gefoel dat it no safier trochfierd wurdt dat it hast wer yndividueel ûnderwiis wurdt. Dat besoarget it ûnderwizend persoaniel in protte wurk en de burokrasy leit op ’e loer as tagelyk de konkurinsje tusken skoallen oanmoedige wurdt troch it oanlizzen fan wurdearringslisten. Konkurrinsje mei dan wol It adagium fan de merkwurking wêze, it stiet heaks op wearden fan wat wy eartiids foarming neamden. Ik bin net oeral op konkurrinsje tsjin mar wol yn in foarmingssituaasje as de skoalle. It jout ûnwinslike spanning en rjochtet him op ferkearde doelen: wa hellet it measte út it bern. Fan it bern wurdt in product makke yn stee fan dat it him ûntjaan kin ta in folwoeksen minske. In bern is lokkich gjin produkt fan in learproses en mear as in sifer dat middele wurdt út in rekken- en (Hollânsk!) taaltestke.

In hiel oare kant fan de merkwurking yn it ûnderwiislânskip is de bestjoersfoarm. Skoallen binne ûnderwiisbedriuwen wurden. Yn de tachtiger jierren fan de foarige iuw waard der foar it earst eksperimeantearre yn it hbo om skoallen in sek mei jild te jaan en se sels bepale te litten hoe’t se dat besteegje woene. Yn stee fan it deklaraasjesysteem giene wy stadichoan oer op in budzjetsyteem. It gefolch wie wol dat der in hiele stêf optúgd wurde moast om dy taak goed út te fieren. Lytse skoaltsjes kinne dat net opbringe, mei as gefolch dat der in hiele fúzjegolf op gong kaam. Der binne boppeskoalske managers kommen en omdat dy har eigen broek ophâlde moatte, wurkje se neffens de noarmen fan ’e merk, ek yn har personielsbelied. Dat betsjut sa min mooglik risiko’s nimme. Net te folle fêste banen weijaan en dêrtroch hawwe grutte groepen begjinnende leararen in better hinnekommen socht bûten it ûnderwiis. It docht dan ek wat hypokryt oan om no skande te roppen dat der in tekoart oan learkrêften driget.

As dy wurkdruk dan sa heech is en der wurdt tagelyk jild oppotte, dan kin ik my net foarstelle dat boppe de formaasje net ien of twa ekstra leararen oansteld wurde kinne mei in fêst kontrakt om gatten op te foljen. Bestjoeren mei fiif, tsien en mear skoallen ûnder harren behear moatte dochs sjen litte dat it ûnder ien koepel sitten syn foardielen hat? It is te maklik en net earlik om nei eardere tiden te wizen doe’t alles better wie. Tiden hawwe tiden, mar it is wol wis dat der doe amper of gjin soarch wie oer de eigen baan. Omdat skoallen sjoen wurde as ûndernimmingen as in partij op de ûnderwiismerk, wurdt de haadsaak (goed ûnderwiis) bysaak en begjint alles om de fasilitearring en de winst te draaien. Neffens my hat de ôfslach nei it kommersjalisearjen fan it ûnderwiis de ferkearde rjochting west hat.

jannewaris 8, 2018 14:45
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes jannewaris 8, 17:50

    Fryske lesjaan is altiten al foar eltse bern oars, de iene is de oare net. It jout fertuten dat bern op harren nivo les krije. Set oan en nei in setsje praat, lêst en skriuwt elkenien Frysk. Foar reaksje dit wurdt de werklikheid en is gjin mearke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.