Benefytdiner foar Tadzjikistan op 25 jannewaris

jannewaris 11, 2018 09:03

It Benefytdiner yn 2017

Op tongersdei 25 jannewaris is it twadde Benefytdiner fan Stifting Stype Tadzjikistan. Learlingen fan hoareka-oplieding ROC Friese Poort yn Snits meitsje dan in hearlik menu mei aperityf, trije gongen, en in bakje kofje of tee nei. Mei-ite kostet € 30, en dêrfan is twatredde part foar de skoalle en de learlingen, en ientredde part foar it wurk fan Stifting Stype.

Ferline jier is it Benefytdiner foar de earste kear holden en dat wie tige de muoite wurdich. As jo mei-ite wolle, kinne jo je oanmelde by Liuwe Westra op mailadres dokterom@gmail.com.

Ek as jo behindere binne of om in oare reden net geane en wol it wurk fan ’e Stifting mei in dofke jild skewiele wolle, dan is jo stipe tige wolkom. It banknûmer fan ’e Stifting is NL 62 RABO 0198 2970 09. Sjoch ek www.stichtingstype.nl.

jannewaris 11, 2018 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*