Akteur Mark Wahlberg donearret oardel miljoen oan Time’s Up

jannewaris 14, 2018 09:40

Foto: pixabay.com

De Amerikaanske akteur Mark Wahlberg donearret oardel miljoen dollar oan Time’s Up, de beweging dy’t opkomt foar slachtoffers fan seksueel misbrûk. Dat jild krige Wahlberg oan salaris om’t er opnij opdrave moast foar opnames fan de film All the money in the world. De nije opnames wiene nedich om’t akteur Kevin Spacey út de film helle waard fanwege beskuldigings fan seksueel misbrûk. Aktrise Michelle Williams, dy’t in likernôch like grutte rol hat yn de film as Wahlberg en ek opnij sênes opnimme moast, krige dêrfoar neffens Amerikaanske media mar tûzen dollar. Dat ferskil late ta lilke reaksjes.

“Ik stypje de striid foar earlike betelling foar hûndert persint”, seit Wahlberg. Hy donearret it jild oan Time’s Up út namme fan Williams. Filmregisseur Ridley Scott sei earder dat alle akteurs oanbean hiene har sênes fergees opnij te spyljen, mar letter die bliken dat Wahlberg dochs in flinke fergoeding easke hie.

De rol fan Spacey yn de film waard oernaam troch Christopher Plummer. It koste tsien dagen om alle sênes dêr’t Spacey yn siet opnij op te nimmen. De film gie yn desimber yn premjêre. De belangen fan Wahlberg en Williams wurde behertige troch it agintskip William Morris Endeavor, dat ek 500.000 dollar donearje sil oan Time’s Up. “De diskusje oer ûngelikensens moat trochgean en dêryn is foar ús ek in rol weilein”, seit it agintskip yn in ferklearring.

jannewaris 14, 2018 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.