ACT-team: bondele soarch foar dak- en thúsleazen

jannewaris 13, 2018 19:21

ACT-team

“Krekt as ferline jier fierde ik de jierwikseling ûnder in brêge yn Ljouwert. It wie kâld en iensum, mar lokkich siet ik wol drûch”. Oan it wurd is Hans (38). Hy is al jierren dakleas, kampt mei in posttraumatyske stresssteuring en is ferslave. Hans keas net sels foar in libben op strjitte. Foarfallen út syn jeugd, it ferliezen fan syn baan en domme tsjinslaggen besegelen syn lot. Syn situaaasje liket hopeleas, fertelt er. “Wat soe ik graach yn in eigen húske de feestdagen fiere. Sûnder de trauma’s dy’t my pleagje. En sûnder de rotsoai dy’t ik brûk. It is ferdomde dreech om betrouwen te hâlden.”

Moandei 15 jannewaris 2018 is it Blue Monday: de saneamde deprimearjendste dei fan it jier. It is tsjuster en kâld. De goede foarnimmens steane al wer yn de iiskast, it is noch lang gjin simmer en de dagen binne te koart. Fervelend, mar in lúkseprobleem ferlike mei minsken dy’t op strjitte libje. Yn harren wurdboek komme krystdiner, fakânsje en thús spitigernôch net foar. Foaral de kâlde en tryste wintermoannen binne ekstra swier foar harren. In soad dak- en thúsleazen hawwe slimme psychiatryske en ferslavingsproblemen. Zienn, VNN en GGZ Fryslân hawwe dêrom yngeande 1 jannewaris 2018 de krêften bondele foar in oanfoljende mienskiplike oanpak: it saneamde ACT-team wol dy minsken dy’t (driigjend) dakleas binne in helpende hân biede en net yn ’e kjeld stean litte. It ACT-team (Assertive Community Treatment) bestiet út helpjouwers fan de trije organisaasjes. Mei bemuoisoarch en yntinsive ambulante behanneling sette se har yn foar de doelgroep. Troch de kennis, saakkundigens en it netwurk fan de trije oansletten organisaasjes te kombinearjen en te bondeljen, kin it ACT-team soargje foar rappe behanneling op maat.

Foar wa?
It ACT-team is der foar de dak- en thúsleaze minsken, dy’t troch de problematyk en/of harren hâlden en dragen net (mear) passe yn it reguliere helpferlieningsoanbod. Dêr hearre soarchmijers ek ta. In grut part fan dy groep minsken is bekend en falle dúdlik op yn de iepenbiere romten dêr’t se it strjitbyld fersteure en oerlêst feroarsaakje. Boppedat soarget de sichtbere efterútgong fan dy minsken by de ferskillende belutsenen (gemeente, plysje, famylje,soarch-/helpferlieners) foar problemen. It giet meastal om minsken dy’t gjin betrouwen (mear) hawwe yn de mienskip en helpferlieners, mei as gefolch dat sawat net ien harren noch suksesfol skewiele kin nei passende help en/of húsfêsting.

ACT-team fan 1 jannewaris 2018 ôf
It ACT-team spilet in wêzentlike rol by it betiid ûnderkennen fan mooglik betiizjend hâlden en dragen, by it skôgjen en risiko-taksaasje en by talieding nei passende soarch. De bemuoienis fan it ACT-team is sa koart mooglik en sa lang as it foar de pasjint nedich is. It team bestiet út sân meiwurkers. Dy slute altyd oan by de oar (hoe oars ek), leauwe yn mooglikheden en soargje dat net ien as ôfskreaun beskôge wurdt.

Sa gau as immen oansluting fynt yn it besteande helpferlieningsoanbod, draacht it ACT-team de soarch oer. Is dy oansluiting der noch net, dan bliuwt it team belutsen. Fan 1 jannewaris 2018 ôf is it ACT-team oan ‘e slach yn Ljouwert, yn it gebou fan Zienn oan de Oostergoweg.

jannewaris 13, 2018 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.