Achtste edysje fan De Skoalskriuwer set 22 jannewaris útein

jannewaris 14, 2018 09:38

Fan moandei 22 jannewaris 2018 ôf krije fyftich basisskoallen ferspraat troch hiel Nederlân in healjier in Skoalskriuwer yn ’e klasse. Dêrmei wurde goed 11.000 bern berikt. 48 Skoalskriuwers sille mei de learlingen oan ’e slach en stimulearje harren yn it lêzen en kreatyf skriuwen.

Yn Amsterdam, Rotterdam, Noard-Brabân, Fryslân, Grinslân en foar it earst yn de regio’s Limburch, Schiedam en De Haach, starte berneboekeskriuwers lykas Tialda Hogeveen, Janny van der Molen, Arend van Dam, Maren Stoffels, Bies van Ede en Lydia Rood op harren skoalle. It yntinsive trajekt is in programma wêrby’t de Skoalskriuwe him of har in heal skoaljier ferbynt oan in basisskoalle mei in heech persintaazje bern mei in taalefterstân. It omfettet in programma foar learlingen, âlden en learkrêften.

Yn Fryslân wurket De Skoalskriuwer gear mei partnerorganisaasje Biblioteekservice Fryslân en de Fryske biblioteken foar de koördinaasje en de lokale ynbêding fan it trajekt. De start yn Fryslân is op moandei 22 jannewaris 2018 fan 08.30 oant 09.30 oere yn Skoalle Loevestein op ’e Gordyk. Yn in feestlik programma wurdt Tialda Hoogeveen offisjeel as Skoalskriuwer ynstallearre.

Jo kinne je fia dizze link oanmelde of ôfmelde foar de start fan de achtste edysje fan De Skoalskriuwer en oanjaan by de start yn hokker regio jo oanwêzich wêze wolle.

jannewaris 14, 2018 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*