ZEA wint de Bernlefpriis 2017
Resint ferskynd

Deputearre Sietske Poepjes makket de winner fan de Bernlefpriis bekend. Njonken har stiet presintator Douwe Dijkstra.
Zea is de winner fan de Bernlefpriis 2017. Deputearre Sietske Poepjes rikte de priis sneon 16 desimber út yn popsintrum Neushoorn yn Ljouwert. Winner Arnold de Boer kriget by de útrikking fan de Fryske Popawards in sjek fan € 1500.
Oare nominearre kandidaten foar de Bernlefpriis wiene skriuwer en muzikant Meindert Talma, Fryske folkmetalband Baldrs Draumar en de band WIEBE. De Bernlefpriis fan de provinsje Fryslân wurdt alle jierren útrikt. De Provinsje wol mei dy priis de Fryske taal yn de popkultuer in stimulâns jaan.
Zea
Arnold de Boer (1974, Makkum) is al mear as tweintich jier aktyf ûnder de namme Zea. Yn 1995 begjint er yn ‘e mande mei Amsterdamske stúdzjefreonen de band. Yn 2002 giet Zea fierder as duo. Zea treedt sawol yn it binnen- as it bûtenlân op. De optredens yn it bûtenlân wiene yn de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Ruslân, Poalen, Tsjechië en Slovenië.
Moarn gean ik dea
Fan 2008 ôf giet Zea fierder as in soloprojekt. Yn april 2017 kaam in nije plaat út ûnder de namme Moarn gean ik dea. Foar it earst in Frysktalige plaat. De plaat waard priizge om syn persoanlike en yngeande nûmers.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje