‘Yn 2022 grut personielstekoart yn technyk, soarch en ûnderwiis’

desimber 4, 2017 09:32

Foto: pixabay.com

Wurkjouwers yn ’e technyk, de soarch en it ûnderwiis sille de kommende jierren muoite hawwe om genôch personiel te finen. Foaral yn ’e technyk ûntstiet in grut tekoart, foarseit it Researchsintrum foar Underwiis en Arbeidsmerk (ROA) fan de Universiteit fan Maastricht. De kommende fiif jier groeit it tal banen yn Nederlân nei ferwachting mei 520.000. Minsken mei in hbû- of universitêr diploma hawwe de bêste foarútsichten op dy banen. Foaral foar minsken dy’t ôfstudearre binne yn de technyk of soarch sjocht de takomst der goed út, om’t dêr it grutste tal fakatueres ferwachte wurdt.

Wurkjouwers yn de ICT sille de grutste muoite hawwe om yn fakatueres te foarsjen. Foar mar leafst 87 persint fan de ICT-beroppen, lykas software- en applikaasjeûntwikkelders, wurdt in tekoart oan oplate wurknimmers ferwachte. Yn ’e technyk wurdt ek in tekoart foarsein oan arsjitekten, yngenieurs, elektrisiens en elektromonteurs. Yn it basisûnderwiis wurdt ek knyppunten ferwachte, om’t der in grut ferlet is om fuortgeand personiel te ferfangen. De kommende seis jier giet in grut part fan it leararekorps mei pinsjoen. Der binne no te min jongelju yn oplieding om dy allegear ferfange te kinnen, neffens it ROA.

Foar minsken mei in universitêr diploma sjocht de takomst der it roaskleurichst út: fyftich persint fan harren hat goede oant tige goede perspektiven op in baan, foar 43 persint fan de hbû-studinten en 28 persint fan de mbû 4-diplomearren oer. Neffens it ROA moat trochgien wurde mei de kampanje om jongelju entûsjast te meitsjen foar technyk, soarch en ûnderwiis.

desimber 4, 2017 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*