Wat is dat dochs mei Fedde Schurer?

desimber 6, 2017 07:06

Kollum fan Aant Mulder

Der binne grif net folle minsken dy’t nea heard hawwe fan Fedde Schurer. Fedde Schurer waard yn Drachten berne. Hy hat in skoft op ’e Lemmer wenne. Hy wie dêr earst timmerfeint en letter skoalmaster. Hy rekke oer it pasifisme yn konflikt mei it bestjoer fan de bysûndere skoalle. Dat hie fan gefolgen dat er nei Amsterdam rekke en dêr skoalmaster oan in iepenbiere skoalle waard. Nei de oarloch waard er haadredakteur fan de ‘Heerenveense Koerier’. Hast acht jier lang hie er in sit yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Fierder hat er skoftenlang redakteur west fan dat dochs wol ferneamde literêre tydskrift De Tsjerne. Sûnder Fedde Schurer hiene wy op freed 16 novimber 1951 gjin Kneppelfreed hân. Fedde Schurer, dichter en skriuwer, hat benammen as dichter en as Beweger namme makke. Yn syn gedichten leare we him kennen as in kristlik en striidber dichter mei each foar de aktualiteit, in dichter dy’t fan gjin diskriminaasje witte wol, benammen net as it om it brûken fan it Frysk giet.

Dat wurdt al dúdlik yn de bondel Op alle winen út 1936, dêr’t it gedicht ‘Welke taal spreekt u daar?’ yn stiet. Dat gedicht begjint sa:

De tael fan mem en heit, fan beppe en pake,
De tael fan slachten her en ieuwen âld,
De tael dy’t mear as hokker frjemde sprake
Syn oanklang yn it hert fan Fryslân hâldt.

Gjin wûnder dat sa’n dichter eare wurdt mei strjitnammen, mei tinkstiennen, mei bylden, mei prizen. Op ’e Lemmer is er yn reliëf ôfbylde oan de muorre fan de biblioteek. De gemeente Lemsterlân stelde in Fedde Schurerkultuerpriis yn. Op It Hearrenfean kaam op in moai plak in byld fan de dichter te stean. Nei oanlieding fan Kneppelfreed is der by it Paleis fan Justysje yn Ljouwert in tinkstien kommen. Der kaam in Fedde Schurerpriis foar it bêste literêre debút. De Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert kamen yn 2011 mei de Fedde Schurerlêzing. Dy lêzing wurdt sûnt alle jierren holden. Dat barde ferline wike foar de sânde kear. In moai rychje wat dat earbetoan oanbelanget en dat rychje is grif net folslein. Likegoed giet it wat nuver mei it earbetoan oan dizze dichter.

Stânbyld op It Hearrenfean

De gemeente Lemsterlân bestiet net mear en dat betsjut dat de Fedde Schurerkultuerpriis yn 2013 foar de lêste kear útrikt waard. Foar de Fedde Schurerpriis foar it bêste literêre debút kaam yn 1984 de D.A. Tammingapriis yn ’t plak. It reliëf op ’e Lemmer en de tinkstien by it Paleis fan Justysje binne aardich yn it ferjitboek rekke. It byld fan Fedde Schurer op It Hearrenfean stiet noch op itselde plak, mar guon minsken binne fan betinken dat it plein fan doe wol, mar it hjoeddeiske grutte terras op dat plak net mear rjocht docht oan it byld fan de dichter en dus ek gjin rjocht mear docht oan de dichter sels. Sa bliuwt der fan it earbetoan oan dizze dichter net folle oer.

Dat betocht ik sneon op de sânde Fedde Schurerlêzing yn Tresoar dy’t mear op in gewoane lêzing as op de jierlikse Fedde Schurerlêzing like. It ûnderwerp wol ik net folle fan sizze. Professor doktor Willem Frijhoff wie frege om it te hawwen oar de komst fan de Ryksuniversiteit Grins/Kampus Fryslân en de oanwêzigens fan oare wittenskiplike ynstituten yn Fryslân. Sa’n ûnderwerp soe Schurer wat fan fûn hawwe. Hy soe grif ek wat fûn hawwe fan de útnûging dy’t foar it grutste part yn it Hollânsk wie en dat de lêzing en de diskusje dat eins hielendal wiene. De ynhâld mankearre neat oan, hoewol’t men jin ôffreegje kin oft de titel wol folslein strykte mei de ynhâld. Nee, it wie de taal! Om Fedde Schurer nochris frij oan te heljen: It wie net de taal fan mem en heit, fan beppe en pake.

Ik ha begrepen dat de oare kearen altyd twa sprekkers frege waarden, in Nederlânsktalige en in Frysktalige en dat foar de diskusje de eigen taal brûkt wurde koe. Ik haw ek begrepen dat eardere kearen mear en better publisiteit oan dizze lêzing jûn waard en dat der dy kearen gâns mear flecht op ’e koai wie. Sa heart dat ek fansels. By in Fedde Schurerlêzing heart publisiteit, de ferbining mei de dichter moat nei foarm en yn hâld dúdlik lein wurde en Tresoar moat fol sitte.

Wat de lêzing sels oanbelanget. Dy gie foar in grut part oer de skiednis fan de universiteiten. Yn de diskusje waard aldergeloks dúdlik dat de alfde fakulteit fan de Universiteit fan Grins yn Ljouwert allinne mar kâns fan slagjen hat as op de iene of oare wize in ferbining ta stân komt tusken Fryslân en dy alfde fakulteit. It moat guon studinten hjir hâlde en nije oanlûke, oars komt der allinne mar mear konkurrinsje. Net fergetten moat wurde dat twa kear earder besocht is om yn Fryslân universitêr ûnderwiis te hawwen en dat dat mislearre. Dêr moat fan leard wurde, it leafst sa gau mooglik.

De doelen fan de Fedde Schurerlêzing binne diskear net helle. Dat moat oars en better. De lêzing moat de prizen net efternei. Dat soe skande wêze. Dus aksje! En dan tink ik samar oan:

Fryslân ropt! De findels foar!
Net mear drige,
Yn ’e rige!’

Sa begjint Fedde Schurer syn gedicht ‘War dy’ (Fersen, 1925).

Foto's  Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 2 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
desimber 6, 2017 07:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*