Wa’t dit lêst is diel fan Europa’s grutste geheim

desimber 20, 2017 16:04

Jim ha der faaks nea by stilstien, mar as jim dit lêze kinne, hearre jimme nei alle gedachten by in minderheid.

Och heden!?!

Stil mar. Want in minderheid hat mear yn: in eigen kultuer, eigen brûkmen, faak in eigen taal; en dat allegearre meastal njonken dyselde saken fan de mearderheid. It hat dus wat foar om by in minderheid te hearren.

Wy treffe it, want de Friezen binne likegoed in offisjeel erkende minderheid; in autochtoanenien, dy’t hjir al wennet sa lang’t we ús dat heuge kinne.

Mar wat is in Fries? In ynwenner fan Fryslân? Binne Fryske foarâlden ek genôch? En/of moat men geef Frysk prate kinne? Of kin it mei ferstean ta? Is der in DNA-test foar, of in eksamen?

It leit folle simpeler. Wa’t him Fries fielt, is it. Dat, kom derby! En doch mei!

Lykwols is it libben net allegearre rys mei rezinen yn in wrâld dy’t yn tiden fan skaalfergrutting en ynternasjonalisaasje hieltyd lykfoarmiger liket te wurden. Om de eigenheid fêst te hâlden hawwe minderheden stipe nedich. Dy wurdt no troch hiele Europa organisearre. Want wy steane net allinne. Der binne folle mear minderheden as de measte minsken witte. Om it geheim mar te  ferrieden: Europa bestiet net allinnich út 28 lannen, der binne wol 50 miljoen Europeanen dy’t by in nasjonale minderheid hearre. As wy mei-inoar oparbeidzje, kinne we allegearre ús eigen eigenheid bewarje. Dat wy dêr ienriedich foar krewearje, moatte we sjen litte: tekenje dêrom dizze petysje.

desimber 20, 2017 16:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*