Waarpraatsje: kâlder mei winterske delslach

desimber 6, 2017 06:26

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear mylde dagen, wurdt it stadichoan wer wat kâlder. Oan de ein fan ’e wike is der sels kâns op winterske delslach en yn de nachten sil it in bytsje frieze. Woansdei is it noch myld mei in graad as acht. De loft is berûn en it bliuwt drûch. De wyn komt út it westen en is meast matich. Letter op ’e dei hellet de wyn wat oan. Tongersdei wurdt in rûge dei mei in protte wyn. It wurdt op ’e nij 8 of 9 graden en it sil út en troch reine. Fan freed ôf wurdt it in stik kâlder en ek ûnlijich. Der binne buien, misskien wol mei hagel of wiete snie. Yn ’e nacht leit de temperatuer om it friespunt hinne. De wyn is fariabel en meast matich.

It winterske waar hâldt in skoft oan, mar op redens komme we foarearst net.

Jan Brinksma

 

desimber 6, 2017 06:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*