Twa deaden by ierdbeving yn Yndonezië

desimber 16, 2017 09:29

Foto: morguefile.com

Yndonezië is opskrille troch in nachtlike ierdbeving mei in krêft fan 6,9. It episintrum fan de beving lei yn it súdwesten fan it eilân Java. De nasjonale rampekoördinator berjochtet oer twa deaden. Sân minsken binne neffens him ferwûne rekke. De ierdskok waard ek field yn de haadstêd Jakarta, op sa’n 200 kilometer ôfstân. Foaral hegere gebouwen kamen yn beweging. Yn stêden as Bandung, Semarang en Yogyakarta wie de beving te fernimmen.

Tsunami-warskôging
Ut foarsoarch waard foar in grut part fan de kust fan Java in tsunami-warskôging ôfjûn, mar dat bart frijwol standert by ierdbevings yn de regio. In tsunami bleau út, mar de warskôging late der wol ta dat in protte bewenners fan gebieten by de kust lâns it wisse foar it ûnwisse namen. Op de Yndonezyske telefyzje wie te sjen dat it tige drok wie op de autodiken fan de kust nei it binnenlân. Yn stêden as Jakarta giene in protte minsken de dyk op út eangst foar neiskokken.

Gebouwen stikken
Neffens de nasjonale rampekoördinator binne mear as fjirtich huzen ynstoart en hawwe nochris tsientallen gebouwen slimme skea oprûn. Yn it distrikt Banyumas yn Midden-Java waarden likernôch fyftich pasjinten evakuearre út in sikehûs dat troch de ierdbeving skansearre rekke wie.

desimber 16, 2017 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.