Telefyzjemakker Floortje Dessing sit fêst yn Jemen

desimber 4, 2017 07:59

Floortje Dessing (foto: Wikipedia / TBWA/Busted)

Telefyzjemakker Floortje Dessing sit fêst yn de Jemenityske haadstêd Sanaa, dêr’t sûnt in pear dagen fochten wurdt tusken de Houthi-rebellen en oanhingers fan âld-presidint Saleh. Ofrûne nacht is de stêd bombardearre troch de ynternasjonale koalysje laat troch Saûdy-Arabië. Dessing is foar har programma Floortje naar het einde van de wereld op besite by it Reade Krús yn Jemen. It haadkertier fan de organisaasje stiet yn de wyk dêr’t hurd fochten wurdt.

Dessing begrypt dat minsken har ôffreegje oft se wol nei Jemen ôfsette moatten hie. Se woe der lykwols perfoarst hinne, want se fynt it tige wichtich dat op telefyzje sjen litten wurdt wat der bart. Dessing hat nei har oankomst koart de tiid hân om it âlde part fan Sanaa te besytsjen, dat de status hat fan Unesco-erfgoed. Se sit no mei Reade Krús-meiwurkers ferstoppe yn de kelder fan it gebou fan de organisaasje. Dêrút wei besykje se de helpferliening te koördinearjen. It wichtichste is dat de sikehuzen befoarriede wurde mei sjirurgysk materiaal. De lêste dagen foelen der tsientallen deaden en rekken der in protte minsken ferwûne.

desimber 4, 2017 07:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*