Syktocht nei Remon Bruinsma giet tongersdei fierder

desimber 7, 2017 08:59

Foto’s: Facebook/Ansje Dijkstra

De plysje hat woansdei op ’e nij socht nei de fermiste Remon Bruinsma fan De Westereen, sûnder resultaat. Der waard socht yn de Ljouwerter grêften en yn it wetter by de Prinsetún. Tongersdei giet de syktocht fierder. De plysje besjocht ek kamerabylden fan de Ljouwerter binnenstêd, op syk nei oanwizings oer de ferdwining fan Remon.

Fia Facebook is foar tongersdei in nije sykaksje troch frijwilligers oankundige. Diskear sil ek socht wurde by de Grutte en Lytse Wielen. Remon Bruinsma is fermist sûnt er yn de nacht fan ôfrûne tongersdei op freed mei klassegenoaten yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert op stap wie. Syn klassegenoaten ferlearen him om 02.00 oere hinne út it each. Wa’t tips hat oer Remon kin skilje mei de plysje op nûmer 0900-8844.

Hjoed, tongersdei, is de 19e jierdei fan Remon en syn twillingbroer Alex.

desimber 7, 2017 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*