Sulver foar Marrit Leenstra

desimber 3, 2017 23:21

Marrit Leenstra is sneintejûn yn in nij Nederlânsk rekôr twadde wurden op de 1.500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Kanadeeske Calgary. Se die dat yn in tiid fan 1.52.06. De 28-jierrige Leenstra helle dêrmei ek in flinke hap fan eigen PR ôf, dat earder op 1.53.38 stie. Leenstra hat dit wykein op alle yndividuele ôfstannen in PR riden. De winst op de 1.500 meter gie nei Miho Takagi út Japan yn 1.51.79. It brûns wie foar Jekatarina Sjichova yn 1.53.52.

Antoinette de Jong ried 1.54.87 en waard dêrmei sânde. Ireen Wüst einige krekt neist it poadium. Se waard fjirde yn 1.53.89.

Boarne: Omrop Fryslân

desimber 3, 2017 23:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*