Subsydzje foar wittenskiplik ûndersyk nei histoaryske ûntjouwing Frysk rjocht

desimber 6, 2017 16:23

Aldfrysk lânrjocht. Ofbydling: Omrop Fryslân

De Vrije Universiteit Amsterdam (VU) kriget yn in gearwurkingsferbân mei de Fryske Akademy in subsydzje fan € 200.000 fan de provinsje Fryslân. De VU docht dêrfoar ûndersyk nei de ynfloed fan tsjerklik en Romeinsk rjocht op de ûntwikkeling fan it Fryske rjocht yn de lette midsiuwen en de iermoderne tiid. It ûndersyk duorret fjouwer jier. Fan 2022 ôf binne de resultaten beskikber.


De Friezen hawwe net allinne in lange tradysje fan it Fryske hynder, it keatsen en it fierljeppen, se hiene oant it begjin fan de 19e iuw ek in alhiel eigen rjochtstradysje. Yn dy tradysje spilen it tsjerklik en Romeinsk rjocht fan de fyftjinde iuw in wichtige rol. Hoe’t dy ûntwikkeling krekt syn beslach krige hat, is net earder ûndersocht. Oer de effekten fan de rjochtsûntwikkeling op de Fryske taal is ek noch mar in bytsje bekend. De resultaten kinne in nij ljocht op de ûntwikkeling fan Fryslân en de Fryske taal sjen litte.

It wittenskiplik ûndersyk makket diel út fan it projekt The Impact of Canon and Roman Law in Frisia (ca. 1400 – ca. 1725): Continuity or Discontinuity? Njonken it ûndersyk wurde oer dat ûnderwerp ek publike aktiviteiten organisearre. It giet om kursussen, lêzingen, edukatyf materiaal foar primêr en fuortset ûnderwiis en in dokumintêre.

Undersykstiim
It ûndersyk wurdt útfierd ûnder lieding fan prof. mr. Jan Hallebeek, mr. dr. Hylkje de Jong (beide VU) en dr. Han Nijdam (Fryske Akademy).
Mear ynformaasje oer it ûndersyk is te finen op de webside: www.fryske-akademy.nl

 

desimber 6, 2017 16:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*