Sprekwiis: reaksje frege

desimber 15, 2017 15:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Johannes desimber 15, 16:02

    Faaks Wâldfrysk foar: Bretske, sleauwe frou sûnder kriich (Frysk Hânwurdboek)

  2. jangerben mulder desimber 15, 17:56

    sleauwe tutte, klinkt better.

  3. Henk Wolf desimber 15, 20:45

    Wat betsjut it wurd? Yn it Grinslânsk wurdt ‘bredje’ (besibbe oan ‘boerd’) brûkt foar allegear platte dingen, lykas in plankje, in buordsje of in blêd om iten en drinken mei op te tsjinjen. Neffens it WFT komt it yn it Frysk ek foar, mar is it seldsum. Is dat wat der bedoeld wurdt?

  4. Folkje desimber 16, 13:08

    Henk, Johannes en jangerben, it wurdt yndie brûkt as plankje, buordsje om iten en drinken mei op te tsjinjen.

  5. Henk Wolf desimber 16, 22:44

    Mei’t de man út it stikje út Bûtenpost komt, soe ik it earst op Grinslânske ynfloed hâlde, Folkje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.