Serieuze plannen foar Fryske pelletearfabryk

desimber 6, 2017 15:43

Biomassa Fryslân fan Dronryp hat serieuze plannen om in pelletearfabryk te bouwen. Dat sil Frysk snoei- en resthout ferwurkje ta brokjes foar pelletkachels en -tsjettels. It giet om in ynvestearring fan € 10 miljoen. In ûndersyk nei de helberheid derfan is hast ôfrûne; de útkomsten binne posityf. De provinsje Fryslân betelle goed 92.000 euro mei oan it ûndersyk. De plannen passe yn de griene enerzjyambysjes fan de Provinsje.

“Wy hawwe in fabryk foar eagen mei maksimaal fjouwer produksjelinen mei in produksje fan elk 22.500 ton pellets it jier”, fertelt direkteur Niek Witteveen fan Biomassa Fryslân. “De pellets ferfange 50 miljoen kuub gas. Foar de produksje derfan wurdt gjin hout oan de natuer ûntlutsen, want der wurdt wurke mei houtsnippers, seachsel en resthout út de regio. Dat wurdt no meastentiids út Fryslân wei transportearre en earne oars ferbrând. Dat is aanst ferline tiid.”

Undersyk nei de helberheid
Foar it ûndersyk nei de helberheid is mei in soad partijen praat, lykas gemeenten, agrariërs en potinsjele ôfnimmers, ûnder mear mei Noardlike Fryske Wâlden, Elan en de houtferwurkjende yndustry. It docht bliken dat der yn Fryslân aardich wat snoei- en resthout is. Der is reewilligens foar dizze sirkulêre enerzjy. De ferwachting is dat it ûndersyk yn febrewaris klear is. As de resultaten dan noch hieltyd posityf binne, hopet Biomassa Fryslân oan ‘e ein fan 2019 te begjinnen mei it bouwen fan it fabryk. It giet om in ynvestearring van sa’n 10 miljoen euro.

Regionale bio-enerzjyketting
Deputearre Michiel Schrier is entûsjast oer de plannen. “Mei de komst fan it fabryk ûnstiet in regionale bio-oanienskeakeling. De brokjes fan Frysk snoei- en resthout soargje aanst foar waarmte by Fryske organisaasjes en by de minsken thús. Fjouwer linen yn 2020 produsearje hast 15 persint fan ús duorsume enerzjydoelstelling’.

Woansdei 6 desimber presintearren de Provinsje en Biomassa Fryslân de plannen yn de Pollepleats yn Westhim. De Pollepleats hat al in pelletkachel. Eigener Jos Tio is optein oer de komst fan it Frysk fabryk: “De brokjes komme no fan fier wei. Prachtich dat it aanst út de eigen regio komt!”

Enerzjytransysje
Provinsje Fryslân wol syn bydrage leverje oan de enerzjytransysje. Dêrmei slút de Provinsje oan op en draacht by oan nasjonale, Europeeske en wrâldwide ôfspraken. De Provinsje set yn op it besparjen fan enerzjy en it winnen fan duorsume enerzjy. Sjoch foar mear ynformaasje op www.fryslan.frl/energietransitie of folgje op twitter @EnergieFrl.

desimber 6, 2017 15:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*