Rêstige anty-Swarte Pyt-manifestaasje yn Dokkum

desimber 2, 2017 16:19

De manifestaasje fan tsjinstanners fan Swarte Pyt yn Dokkum hat minder minsken lutsen as ferwachte. Sa’n 150 aksjefierders, feriene yn de stifting Nederland wordt Beter, wiene byinoar kaam op it plein Acht Zaligheden. Nei de demonstraasje waarden se wer mei bussen nei it westen fan it lân brocht.

Der waard sneontemoarn rekkene op sa’n 300 demonstranten. Alle tagongswegen nei it plein dêr’t de manifestaasje tastien wie, wiene ôfset troch de Mobile Ienheid. Sneon jildt yn Dokkum de hiele dei in needbefel om mei mooglike problemen ôfweve te kinnen.

Der kamen amper tsjindemonstranten opdaagjen. Hja mochten demonstrearje oan ’e oare kant fan Dokkum, by de Hânspoarte, mar dêr stiene inkeld in pear plysjes. Earder op de dei binne twa minsken oppakt, om’t se har net legitimearje koene of woene. Neffens de plysje gong it “net om minsken út de bussen”.

desimber 2, 2017 16:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma desimber 4, 11:46

    Myn frou en ik wiene sneon by de demonstraasje. Net dat wy meidien hawwe. Moedich fan de tsjinstanners fan Swarte Pyt om in tsjinlûd hearre te litten. Dat der in soad plysje wie. No ja, it wie in GRUTTE RISIKO WEDSTRIID. Dokkum hie ien en oar goed regele.

    Allinne leau ik der gjin syllabe fan dat Jan Schenkman de skriuwer fan it berneboek ‘Sint Nicolaas en zijn knecht’ rasistyske motiven hân hat.

    1. Yn de tekst komt it wurd swart net foar. Hy hat it oer in feint.
    2. Yn dy tiid wiene feinten fan Moarske komôf by rikelju hiel gewoan. It ferhaal wol dat de yllustrator de feint ynkleure hat.
    3. Yn in tiid dêr’t Nederlân de slavernij ôfskaffe moast/woe, kinne skriuwer en yllustrator krekt likegoed in knypeach nei dy diskusje makke hawwe. Wy sille it nea witte.

    Hoe no fierder? It begûn mei in berneboek. No hawwe wy yn Fryslân in histoarika dy’t prachtige berneboeken makket. Lit de AFUK har ris freegje om yn in histoarysk ferantwurde kontekst op ‘e nij in berneboek yn it fjild te bringen. It soe my gjin nij dwaan, dat wy dan by roetfegen en skoarstiens út komme…

    As wy yn Fryslân mei dat berneboek goed oerwei kinne, dan kin der dan wol in oersetting foar it Nederlânsk makke wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*