Remon Bruinsma (18) noch net fûn

desimber 6, 2017 09:15

Foto: Facebook/Yvette van der West

Famylje, freonen en frijwilligers hawwe tiisdei sels in sykaksje op tou set nei de fermiste Remon Bruinsma fan De Westereen. Troch de groep is socht yn de binnenstêd fan Ljouwert. In sykaksje by de Grutte en Lytse Wielen, dy’t earder oankundige wie, wie neffens de plysje net nedich om’t net oannimlik is dat Remon nei in stapjûn ôfrûne tongersdei rinnende nei hûs ta gien is.

Troch dûkers is tiisdei socht yn it wetter by De Harmonie. Snein sloegen speurhûnen fan stifting Signi op dat plak oan. Tiisdei waard tocht dat der wat yn it wetter lei, mar de dûkers kamen mei lege hannen wer boppe. Op in stuit wie der sprake fan dat Remon syn bandana oantroffen wie, mar dat bliek letter net sa te wêzen. Woansdei wurdt fierder socht op deselde lokaasje en ek op oare plakken yn de stêd. De plysje bestudearret ek kamerabylden fan it sintrum fan Ljouwert op syk nei spoaren fan Remon. Winkellju en partikulieren dy’t kamera’s hingjen ha yn de binnenstêd wurde fersocht om de bylden fan de nacht fan tongersdei op freed yn te leverjen by de plysje.

Remon Bruinsma is fermist sûnt er tongersdeitenacht mei klassegenoaten op stap wie yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert. Hy soe sliepe by in maat yn de Weerd, mar hat dêr net west. Om in oere as 02.00 rekken syn klassegenoaten him út it each. Remon hat in skoftke foar de C&A op ’e Nijstêd sitten en hat dêrnei troch de stêd swalke. Hy is sinjalearre op bylden fan de Piperstrjitte en de Lytse Tsjerkestrjitte. Minsken dy’t tips hawwe oer Remon, kinne skilje mei de plysje op nûmer 0900-8844.

desimber 6, 2017 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*