Prûmkewurden: romer en fûgeltsje

desimber 1, 2017 13:20 Fernijd

Romer

Wa man rûn eartiids net mei in prûmke tusken de kiezzen? Hjoed de dei is it prûmkjen al lang út ’e moade. As jo ris ien sjogge mei in prûmke tusken de kiezzen, dan falt dat fuortendaliks op. Der binne ek wurden dy’t eartiids folksriem wienen, mar dy’t no mar selden mear ien yn ’e mûle nimt. Under de namme ‘prûmkewurden’ besprekt Henk Wolf de kommende tiid in stikmannich fan sokke wurden.

Troch Henk Wolf

Doe’t ik jong wie, begûn in frij wykein mei in bearenburchje. Dy kamen doe noch net yn dy hippe oaljefetfoarmige glêzen fan no, lit stean dat ien it bestie om der iis yn te smiten. Nee, bûtendoar gong de flesse om en naam elkenien dêr in slok út, binnendoar dronken wy doe út in romer.

Sa’n romer – faak ek brûkt yn de ferlytsingsfoarm ‘romerke’ – is in glês op in poatsje. Romers binne der yn alle soarten en maten. Dy foar bearenburch en jenever binne fansels lytser as dy foar wyn. Hjirneist stiet ien sa’t wy doe gauris brûkten. Dêr haw ik noch in pear fan yn ‘e kast te stean.

In skoftlang wie ek it ‘fûgeltsje’ populêr. Dat is in gleske sûnder fuotsje. Ik ha my fertelle litten dat it in skippersglês is. Om’t in skip altyd beweecht, bliuwt in glês net altyd stean. Dan soe it fuotsje derôf slein wurde en soe it foar de stabliteit yn in gatsje yn ‘e tafel hongen wurde. Oft it wier is, dêr doar ik neat oer te sizzen, mar it is in moai ferhaal. Wy brûkten de fûgeltsjes meast bûtendoar, by in kampfjoer of gewoan op in waarme jûn. Dan makken wy it kûltsje yn ‘e grûn en dêr kaam it fûgeltsje dan yn.

Fûgeltsje

In lytse syktocht yn de wurdboeken hat my leard dat neist ‘fûgeltsje’ ek wol ‘fûgel’ sein waard. Fierder wie it wurd ‘rakkert’ yn gebrûk. ‘De man in fûgel’ soe earder in manier wêze om te sizzen dat elkenien yn it selskip in borrel krige.

Oprop: witte jo ek wurden foar diggelguod dy’t net (mear) sa bekend binne? Lit it ús dan witte op ynfo@itnijs.frl of fia Facebook. 

desimber 1, 2017 13:20 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.