Prûmkewurden: nôch

desimber 15, 2017 22:38

Wa man rûn eartiids net mei in prûmke tusken de kiezzen? Hjoed de dei is it prûmkjen al lang út ’e moade. As jo ris ien sjogge mei in prûmke tusken de kiezzen, dan falt dat fuortendaliks op. Der binne ek wurden dy’t eartiids folksriem wienen, mar dy’t no mar selden mear ien yn ’e mûle nimt. Under de namme ‘prûmkewurden’ besprekt Henk Wolf de kommende tiid in stikmannich fan sokke wurden.

Troch Henk Wolf

Ik betocht hjoed ynienen dat ik it wurd nôch al withoelang net mear heard ha. Nôch hat deselde oarsprong as it folle bekendere genôch, mar it betsjut wat oars. As it iten lang genôch oerstien hie en it wie oan it miel ta, dan wie it nôch. Gear, kin men ek sizze, mar sa’t it my heucht, wienen de rjappels noait gear, mar altyd nôch.

Oprop: witte jo ek beskriuwingen fan iten dy’t net (mear) sa bekend binne? Lit it ús dan witte op ynfo@itnijs.frl of fia Facebook. 

desimber 15, 2017 22:38
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. jangerben desimber 16, 10:12

    Yn de 50tiger jierren fan de foarige iuw waard der faak sein as it iterstiid wie.”We moatte earst mar efkes efter de proes.” Ik proesje noch altiten de griente troch de earpels.

  2. Jabik desimber 16, 17:10

    Werom skriuwt Henk “rjappels” y.p.f. ierdappels? Taalkundigen roppe dochs altyd dat je sjen kinne moatte wêr’t it wurd weikomt? Dan binne der wol mear wurden dy’t oars savere wurde kinne. Litte wy dan mar mei (h)joed begjinne. Ik bin der foar.

  3. Henk desimber 16, 22:42

    Ik bin gjin ropper, Jabik.

  4. Jabik desimber 18, 10:25

    Ik ha dat net negatyf bedoeld, Henk. As jonge dy’t op ferskate plakken yn Fryslân wenne hat hie ik altyd muoite mei it wurd ierappel. Werom wurdt it net as ierdappel stavere? Thús seine wy jerappel en letter doe’t wy earne oars wennen wenden wy ús jirpel oan. Mar der lykje ek oare farianten te wêzen: ierpel, earpel, earappel. Dy lêste twa lykje wat mei earen te hawwen. Myn fraach bliuwt dêrom: is der foar de jirpel gjin staveringsregel?

  5. Henk desimber 19, 12:13

    Der binne wittefolle foarmen, dy’t ek allegear skreaun wurde. Ast de oerfoarmen skriuwe wolst, dan kinst kieze út ‘ierdappel’ en ‘eardappel’, fan de ferskillende dialektfarianten ‘ierde’ en ‘earde’. De oare wurden binne allegear ûntstien út dy twa wurden. Der is in moai stik oer it ûntstean fan al dy farianten fan fjouwer taalkundigen fan ‘e Fryske Akademy: ‘De ierappel op ‘e souwe’. Sjoch:
    https://www.google.nl/url?sa=t&rct=j&q=&esrc=s&source=web&cd=3&cad=rja&uact=8&ved=0ahUKEwjW57Pv95XYAhUkB8AKHbbAA7oQFgg0MAI&url=https%3A%2F%2Fpure.knaw.nl%2Fportal%2Ffiles%2F469758%2FDe_ierappel_op_%27e_souwe.pdf&usg=AOvVaw25oI0zjoKs20Rt61ljcvR8

  6. Jabik desimber 19, 20:56

    Tige tank, Henk. In nijsgjirrich wurd.

  7. Jabik desimber 19, 20:57

    Tige tank, Henk. Nijsgjirrich stik.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*