Prûmkewurden: glêzen

desimber 29, 2017 16:22

Foto: morguefile.com

Wa man rûn eartiids net mei in prûmke tusken de kiezzen? Hjoed de dei is it prûmkjen al lang út ’e moade. As jo ris ien sjogge mei in prûmke tusken de kiezzen, dan falt dat fuortendaliks op. Der binne ek wurden dy’t eartiids folksriem wienen, mar dy’t no mar selden mear ien yn ’e mûle nimt. Under de namme ‘prûmkewurden’ hat Henk Wolf de ôfrûne moannen in stikmannich fan sokke wurden besprutsen. Dit is de lêste ôflevering fan de rige.

Troch Henk Wolf

Lêsten seach ik op Facebook in diskusje oer it Nederlânske wurd ‘glazenwasser’. De diskusje gong earst oer it wêrom fan de -n- yn de stavering en doe oer de opbou fan it wurd. In pear minsken begriepen net hoe’t it yninoar siet. “Een glazenwasser komt echt geen glazen wassen”, sei ien. Dat begriep ik wer net, want, sa tocht ik, fansels docht er dat wol.

Nei wat hinne en wer praten kamen wy derachter wêr’t de oast siet: ‘glazen’ yn ‘e betsjutting fan ‘ruten’ is net mear algemien bekend yn it Nederlânsk. Oft ‘glêzen’ dat yn it Frysk noch is, wit ik net. Ik fyn it sels heel gewoan om te sizzen dat der ien ‘foar de glêzen delrint’ en ik hear fakernôch oer âlde minsken sizzen dat dy “wol âld binne, mar net achter de glêzen sitte”.

It wurd ‘glêzen’ is by my wol in saneamde plurale tantum: in wurd dat allinne yn it meartal bestiet. Ien rút soe ik noait as ‘in glês’ oantsjutte. It is dus net altyd samar foar ‘rút’ te brûken. It Frysk hat dêr oars aardich wat synonimen. Ik besprek koart in pear:

– ‘glêzen’ komt fansels fan de stofnamme ‘glês’, in wurd dat al heel lang yn it Frysk foarkomt.
– ‘rút’ is oarspronklik de namme foar in fjouwerhoek. Dy namme is oergongen op ‘e glêsplaat en letter op it folsleine rút. It komôf is net bekend, mooglik is it in lienwurd út it Latyn.
– ‘raam’ ferwiist oarspronklik nei it ‘ramt’, de kezinen, dus krekt net nei de glêsplaat. Neffens it Wurdboek fan de Fryske Taal is ‘raam’ foaral yn it suden fan de provinsje yn gebrûk.
– ‘ramt’ hat deselde oarsprong as ‘raam’. It wurd stiet wol yn it wurdboek yn de betsjutting fan ‘rút’, mar wurdt sa goed as ik it wit net folle mear brûkt.
– ‘finster’ is in ferbastering fan it Latynske wurd ‘fenestra’, dat ek ‘finster’ betsjut en besibbe is oan wurden dy’t mei ljocht en mei skinen te krijen ha.

De Germaanske talen, dêr’t it Frysk ek by heart, brûkten fan oarsprong foar in rút itselde wurd as foar in each. Yn it Ingelsk is dat noch te sjen: ‘window’ is letterlik ‘wyn-each’. Dêr is fuort oan te sjen dat de âlde Germanen gjin glês yn har ruten hienen, sadat de wyn dertrochhinne waaie koe. Yn it Wurdboek fan de Fryske Taal wurdt ‘okse-each’ neamd as namme foar in lyts, aaifoarmich finsterke. Oft dat streekrjocht op it Germaanske wurd tebekgiet, betwivelje ik, nei alle gedachten is it folle nijere byldspraak.

desimber 29, 2017 16:22
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Folkje jannewaris 2, 22:50

    Wêr soe de útdrukking “fan ruten spylje” wei komme?

  2. Henk Wolf jannewaris 2, 23:59

    Mei wissichheid is dat net te sizzen, Folkje, mar myn fermoeden is dat ‘fan ruten’ hjir in ferbastering is fan it Frânske ‘en déroute’ (op ‘e flecht) of miskien fan ‘en route’ (ûnderweis).

    Oanwizingen dêrfoar fine wy yn it bestean ‘in de roeten joagen’ yn it Grinslânsk, dat ‘yn ûnstjoer bringe’ betsjut. Yn it Nederlânsk hat it ek bestien as ‘in (de) roeten slaan’. Dat binne ek ferbastering fan ‘en déroute’. Yn it Frânsk kin dat net allinne ‘op ‘e flecht’, mar ek ‘yn ûnstjoer’ betsjutte.

    Der komme fanâlds yn it Frysk ferskate tiidwurden by ‘fan ruten’ foar, lykas ‘gean’, ‘komme’ en ‘meitsje’. Miskien is ‘fan ruten spylje’ ûntstien troch betizing mei ‘ruten’ út kaartspul.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*