Plysje op syk nei spoar Remon Bruinsma (18)

desimber 4, 2017 10:06

Foto’s: Facebook/Ansje Dijkstra

De syktocht sneon yn Ljouwert nei de sûnt tongersdei fermiste Remon Bruinsma (18) fan De Westereen hat neat opsmiten, mar by in syktocht snein troch Stichting Signi Sykhûnen sloegen hûnen op in beskaat plak by it wetter oan. Dêr en ek op oare plakken yn ’e stêd sil de plysje moandei mei ferskate boaten fierder sykje. Snein is net fierder socht op it wetter, omdat it tsjuster waard. De plysje bestudearret ek kamerabylden fan de Ljouwerter binnenstêd op syk nei in spoar.

Remon wurdt fermist sûnt er yn ’e nacht fan tongersdei op freed op stap wie mei klassegenoaten yn ’e Alde Doelesteech yn Ljouwert. Hy soe by in maat yn ’e Weerd sliepe, mar hat dêr net west. Syn mobile telefoan waard freedtemoarn bûten by de C&A fûn. Remon’s famylje sit yn grutte noed oer de jonge. Syn mem hat in oprop pleatst op Facebook, dy’t tûzenen kearen dield is.

Tips kinne trochjûn wurde oan ’e plysje op telefoannûmer 0900-8844.

desimber 4, 2017 10:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*