Planeet Escher úteinset

desimber 21, 2017 15:50

Haakles troch De Grutste Haakte Tekken fan de Wrâld  oan nijsgjirrigen by it startmomint fan Planeet Escher. Foto: Lucas Kemper.

Hiel Fryslân bout mei oan Planeet Escher, in inisjatyf fan it Frysk Museum. Yn it projekt wurde minsken útdage om har ynspirearje te litten troch de ferneamde grafikus M.C. Escher. Yn de hal fan it museum wie woansdei 13 desimber de feestlike úteinsetter fan it projekt. Der wiene ferskillende workshops te folgjen en direkteur Kris Callens iepene it projekt offisjeel. Der waard ek de animaasje mei útlis presintearre, wêryn’t it museum minsken opropt om mei te bouwen oan Planeet Escher mei in eigen projekt.

Planeet Escher
Ferskillende organisaasjes yn Fryslân lykas skoallen, buerthuzen en soarchynstellingen dogge al mei. Dêr heart de Grutste Haakte Tekken fan de Wrâld ek by. Dat is in boargerinisjatyf wêrby’t besocht wurdt om in wrâldrekord te brekken. De inisjatyfnimmers hawwe har no talein op it haken fan tekkens mei Escheriaanske motiven. Studinten fan it Friesland College meitsje op ferskillende dagen ek optyske yllúzjes yn Ljouwert mei stoepekryt en skilderstape. De kreative ynspanningen wurde it hiele jier 2018 troch sammele fia planeetescher.nl.

Elkenien is wolkom om mei te dwaan mei in eigen projekt. Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei projektlieder Inge Hekman, i.hekman@friesmuseum.nl.

It Frysk Museum jout it hiele jier troch omtinken oan de yn Ljouwert berne, wrâldferneamde grafikus M.C. Escher. Mei de Mienskipsprojekten fan Planeet Escher, de hjoeddeistige útstalling Phantom Limb: Art beyond Escher, te sjen fan 26 jannewaris ôf en in grutskalige útstalling Escher op Reis, te sjen fan 28 april ôf stiet hiel Ljouwert yn 2018 yn it teken fan Escher.

desimber 21, 2017 15:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.