Oerlêst troch swiere sniefal yn parten fan Ingelân

desimber 27, 2017 09:52

Foto: pixabay.com

Swiere sniefal hat yn grutte parten fan Ingelân ta oerlêst laat. Yn ’e midden en it súdwesten fan it lân barden in protte ûngelokken op ’e dyk en mear as 24.000 húshâldens sitte sûnder stroom. Op de sneldyk M1, in wichtige ferkearsier tusken Londen en Yorkshire, barde woansdeitemoarn in ûngelok dêr’t in frachtwein by belutsen wie. Op ’e hichte fan Leicester is de dyk yn súdlike rjochting hielendal ôfsletten.

Der steane lange files. In protte minsken geane woansdei wer oan it wurk of wer nei hûs ta nei de krystfiering. Oft der slachtoffers fallen binne, is noch net bekend. Troch de snie binne in protte elektrisiteitsmêsten skansearre. Dêrtroch sitte yn ’e midden en it súdwesten fan Ingelân sa’n 24.000 húshâldens sûnder stroom, berjochtet Sky News. Op in protte plakken is oerstreamingsgefaar. Op fjirtjin plakken yn Midden- en Súdwest-Ingelân is in warskôging ôfjûn.

It fleanfjild fan Birmingham waard tiisdeitejûn inkelde oeren ôfsletten om’t de lâningsbanen sniefrij makke wurde moasten. Fleanfjilden by Londen, dêr’t woansdei noch in protte snie ferwachte wurdt, advisearje reizgers de flechtynformaasje yn ’e gaten te hâlden.

desimber 27, 2017 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.