Oerheden sloarderich mei lytse talen op ferkearsbuorden

desimber 22, 2017 19:37

It Frysk op buorden is ek net altyd sûnder flaters.

Oerheden geane soms sloarderich om mei de taal op buorden. Yn Nederlân stiet meastal inkeld mar Nederlânsk op ’e buorden en dêr wurde geregeld flaters mei makke. Stiet der dan ris Frysk op, dan is dat ek lang net altyd korrekt skreaun.

It skriuwen fan lytse talen op buorden wurdt yn it bûtenlân ek gauris mei net al te folle soarch dien. Mâlferneamd is it foarbyld fan it twatalige boerd dat yn 2008 delset waard yn it Welske plak Swansea. Yn it Ingelsk stiet derop: “Gjin tagong foar frachtweinen. Dit is in wenwyk.” Dêrûnder stiet yn it Welsk: “Op it stuit bin ik net op kantoar. Jo kinne jo oersetopdrachten lykwols gewoan opstjoere.” In gemeente-amtner dy’t it Welsk net machtich wie, hie de Ingelske sin nei in oersetster ta maild en sette de tekst dy’t er hast fuortendaliks weromkrige sûnder nei te tinken op it boerd.

Yn 2016 krige in Welske kroechbaas sa syn nocht fan de brike oersettings dy’t streekrjocht út Google Translate rûgele wiene, dat er sels twatalige buorden pleatste, mar dan oarsom: skreaun yn korrekt Welsk, mei in soms ûnbegryplike ynternetoersetting yn it Ingelsk derûnder. It Nijs joech dêr ek omtinken oan: link.

De Skotske krante The Scotsman kaam der dizze wike efter dat der de ôfrûne jierren santjin ferskillende twatalige buorden yn Skotlân koart nei pleatsing ferfongen wurde moasten, om’t de Gaelictalige tekst net doogde. De flaters bestiene soms út in ûntbrekkend aksintteken of it ferkeard staverjen fan plaknammen. In toeristyske attraksje waard it boerd dat minsken wolkom hiet op it eilân Bute. Yn it Gaelic wie dêr Eilean Bhoid fan makke en dat betsjut eilân fan de kul. Unbegryplik wie de oersetting fan City centre (‘stedssintrum’ of ‘binnenstêd’) op in twatalich boerd. Yn it Gaelic is dat Meadhan a’ Bhaile, mar op it boerd stie it ûnbegryplike Baile mor ionad. Dy wurden betsjutte ‘stêd grut ienheid’.

Yn Nederlân wit net elke buordemakker it ferskil tusken ‘naar’ en ‘na’.

 

De Welske tekst is in automatysk ferstjoerd mailberjocht fan de oersetster.

 

De Gaelictalige tekst op dit Skotske boerd is ûnbegryplik. De Ingelske tekst betsjut ‘binnenstêd’.

 

De Gaelictalige tekst hjit minsken wolkom op ‘it eilân fan de penis’.

desimber 22, 2017 19:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*