Obe bliuwend poadium foar taal en literatuer

desimber 7, 2017 15:32

Marchienes Geersing, foarsitter fan de Stichting Beheer Provinciale en Buma Bibliotheek Fryslân, en deputearre Sietske Poepjes.

Taalbelibbingssintrum Obe is woansdei 6 desimber oerdroegen oan de Stichting Behear Provinsjale en Buma Biblioteek Fryslân. Dêrmei is wis dat Obe ek nei 2018 in wichtich kultureel sintrum bliuwt. It gebou is no noch yn oanbou op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Yn 2018 is it yn gebrûk as eksposysjeromte en besikerssintrum fan Lân fan Taal. Lân fan Taal makket diel út fan Leeuwarden-Fryslân 2018.

Deputearre kultuer, taal en media Sietske Poepjes: “Wy binne bliid dat we in sterke partner fûn ha dy’t der foar soarget dat Obe ek yn de takomst skitterje sil op sa’n wichtich plak yn Ljouwert en Fryslân.”

Oerienkomst
Provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar de bou fan Obe. De stichting nimt nei oplevering fan it gebou it behear en ûnderhâld foar syn rekken. Beide partijen binne dat oangeande in oerienkomst mei-inoar oangien.

Tresoar
De stichting is ek behearder fan it gebou fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar. Tresoar wurdt de eksploitant fan Obe. Fan 2019 ôf sil Tresoar mei wikseljende programmearring en fernijende eksposysjes de rykdom fan taal yn Obe sjen litte.

De foarsitter fan de stichting is bliid mei de oerdracht. Marchienes Geersing: “De oername fan Obe is in ferriking fan de kulturele ynfrastruktuer yn Ljouwert en Fryslân. Wy sjogge der nei út om mei ús partners in moaie programmearring op it mêd fan meartaligens oan te bieden.”

Lân fan Taal
De feestlike iepening fan Obe stiet pland foar 2 febrewaris 2018 . Dat is ek it start- en iepeningsmomint fan oare ûnderdielen fan Lân fan Taal.
Mear ynformaasje oer Lân fan Taal is te finen op www.lanfantaal.nl.

desimber 7, 2017 15:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*