Oades oan Fryske museumfrijwilligers

desimber 7, 2017 09:02

Ofbylding: Museumvereniging

Yn it ramt fan de Dei fan de Frijwilliger hjoed, tongersdei 7 desimber, bringt de Museumferiening spesjale oades oan museumfrijwilligers.

Mei in ‘Oade oan al ús museumfrijwilligers’ betanket de Museumferiening 26.000 frijwilligers. De oade bestiet út fjirtich oandwaanlike minyportretten út hiel Nederlân mei persoanlike ferhalen en motivaasjes. Fjouwer fan dy portretten binne fan frijwilligers yn de provinsje Fryslân. Hast alle Nederlânske musea wurkje mei frijwilligers. Sechtjin persint fan de musea draait sels folslein op harren enerzjy en tawijing. “De wearde dy’t frijwilligers tafoegje oan musea yn Nederlân is ûnskatber”, neffens Mirjan Moll, manager promoasje & platfoarm.

Besjoch hjir de oades oan museumfrijwilligers yn Fryslân:

Besjoch alle oades fan de online rige fia YouTube.

De museumfrijwilligers binne warber yn hast 4.000 foltiidsbanen yn ’e sektor. Kapitalisaasje fan de belangeleaze ynset fan frijwilligers telt op oant € 100 miljoen. Dat is sa’n tsien persint fan de omset fan de museumsektor.

desimber 7, 2017 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*