Noblesse oblige

desimber 23, 2017 19:06

Omrop Fryslân is ien fan de wichtichste ikoanen fan Fryslân. Sûnder de omrop soe it Frysk net deselde status hawwe as no it gefal is. Dit jout fansels ferplichtings: noblesse oblige.

Pyt Kramer (LC 16/12) fynt it geweldich dat de measte Hollânsktaligen harren troch OF yn it Frysk ynterviewe littte. Ik fyn dat net mear as normaal yn ús provinsje dêr’t mear as 90% fan de befolking Frysk ferstiet. It falt my just op dat de kwaliteit fan it Frysk by de Omrop hurd efterút buorket. Dat bart faak ûnder it mom fan populêrdwanerij: “Wy wolle net elitêr oerkomme, wy moatte dêrom net boppe it Frysk fan de gemiddelde Fries útstekke wolle.” As bern Hollânsk prate passe gâns meiwurkers harren fuort oan, wylst sy just sa’n wichtige foarbyldfunksje hawwe. De goeden net te nei sprutsen, krij ik it gefoel dat in protte meiwurkers eins net safolle mei it Frysk hawwe. Hja binne “breafriezen”: se fertsjinje de kost mei it Frysk, mar dêrnjonken prate se leafst Hollânsk.

Los fan de bestjoerlike krisis dêr’t OF op ’t stuit yn ferkeart, liket my sprake fan in eksistensjele krisis. It Frysk is it besteansrjocht fan de Omrop, as dat slûpe litten wurdt, leit in fúzje mei byg. de Grinslânske en de Drintske omrop foar de hân. Ferline jier, doe’t it bestean fan OF yn ’e kiif stie troch de megalomane plannen fan steatssekretaris Dekker waard der troch de Friezen manmachtich aksje fierd om de Omrop te rêden. Dat is doe slagge, mar tink mar net, dat it dêrby bliuwt: yn ’e takomst sil Den Haag op ’e nij besykje de regionale omroppen fuzjearje te litten. Lykas besocht wurdt fia in salami-taktyk in ein oan justysjestêd Ljouwert te meitsjen. Wêr’t wy nei stribje moatte is mear foech foar Fryslân sadat wy ûnder de hearskippij fan Den Haag wei komme en ús eigen saakjes regelje kinne. Mar dan moatte wy net ús eigen glêzen ynsmite troch sels ús taal te ferkwânseljen. En dat jildt wis ek foar de Omrop.

Jehannes Elzinga – Frjentsjer

desimber 23, 2017 19:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Friso desimber 23, 19:47

    Hear, hear! Wy moatte in foarbyld nimme oan de dappere Kataloaniërs.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*