Nederlânsk, Ingelsk of noch mear talen yn it ûnderwiis?

desimber 12, 2017 11:08

In artikel útbrocht troch Hoger Onderwijs Persbureau

Is it aloan mear brûken fan Ingelsk op hegeskoallen en universiteiten no in goede saak of net? Dêroer rinne de mieningen hopeleas útinoar, die bliken by in stevich petear op de Hegeskoalle Rotterdam. Hurdrinners binne yn alle gefallen dearinners.

Duisenberg, foarsitter fan universiteitenferiening VSNU. Hy makket him by it petear fan de hegeskoalle en de webside ScienceGuide sterk foar de international classroom, fol Nederlânske studinten én ynternasjonals. “Wy moatte trochgean mei it oanlûken fan bûtenlânske studinten. Tagelyk moatte Nederlanners faker de grins oer.”

Libbensier
Under studinten is neffens it eardere VVD-Keamerlid in soad fraach nei in ynternasjonaal oriïntearre oplieding, dêr’t se yn it bûtenlân ek mei oan ‘e slach kinne. En ferjit ek net dat bûtenlânsk talint ûnmisber is as libbensier foar ús wittenskiplik ûndersyk, sei hy: “De helte fan de promovendi yn Nederlân komt fan oer de grins.”

Njonken him op de bank hearde peteargenoat Rik Torfs, eardere rektor fan de Katolike Universiteit Leuven, it allegear skeptysk oan. “Ynternasjonalisearring – échte útwikseling fan kultueren – soe gjin grinzen hawwe moatte. Mar al te faak kieze universiteiten foar globalisearring, dan wurdt it in ûnmjitlike ienheidswoarst.”

De Flaming ferwiisde nei de diskusje oer stienkoalingelsk dêr’t it moaie ferskaat fan de Nederlânske taal yn ferlern giet. “Jo geane altyd minder djip yn it Ingelsk as yn de memmetaal, al tinke jo dat jo it Ingelsk noch sa goed behearskje. It gefaar driget dat wy troch it ferbreedzjen de ferdjipping misse.”

Lingua franca
Dêrom moatte wittenskipers neffens him ôf fan it idee dat alles mar yn it Ingelsk moat, ek yn it ûndersyk. “It is tige wichtich dat jo geregeldwei wat útbringe yn de eigen taal, foar it publyk dat jo wurk feitlik finansiert.” Oars, stelde Torfs, bliuwe wittenskippers yn harren eigen “eksellinte” ynternasjonale bobbel en ferlieze se it kontakt mei harren omjouwing.

Mar it ûndersyksjild dan? Ingelsk is no ienris de wittenskiplike lingua franca, smiet Duisenberg foar. “Fansels mei jild net de wichtichste driuwfear wêze, mar út Horizon2020 (in ûndersyksprogramma fan de Europeeske Uny) helje wy likefolle jild as út hiel NWO. Dan kinne jo wol sizze dat jo hiel graach yn de eigen taal publisearje wolle, mar dan heakje jo gau ôf.”

En sa waarden de romantyske Torfs en de wat saaklikere Duisenberg it mar net iens. Ien ding woe de VSNU-foarsitter wol tajaan: “Wy moatte tige ús bêst dwaan bliuwe om derfoar te soargjen dat Nederlânsk gjin ûnderskood berntsje wurdt.”

Meartaligens moat
Dat bart perfoast net, sei ûndersiker Marc van Oostendorp fan it Meertens Instituut mei klam yn syn oanslutende presintaasje. “Ik bin foar it Ingelsk, mar dêrmei net automatysk tsjin it Nederlânsk.” Want de soargen oer stienkoalingelsk en taalearmoede binne rjochtlik, mar tagelyk is it Ingelsk neffens him needsaaklik en ûnûntkomber yn de hieltyd lytsere wrâld.

Sterker noch, wy soene mear talen behearskje moatte, sei Van Oostendorp mei klam. Oan de Radboud Universiteit, dêr’t hy sûnt dit stúdzjejier ek mei oparbeidet, pleite de rektor dêr koartlyn foar: it soe foar wittenskippers hiel gewoan wêze moatte om ek it Dútsk te behearskjen. Net in ferkeard idee, fynt de taalwittenskipper. “Nederlânsk overlibbet de opkomst fan it Ingelsk perfoast wol. Ik haw mar ien grutte noed: ferjitte wy mei al dat Ingelsk net de oare talen?”

Rjochtssaak
Lit ús it marris iens wurde oer it Ingelsk, want dêr binne wy noch lang net út, wie de gedachte yn it petear dat folge. “Ik hear de hear Duisenberg niis sizzen dat wy derop tasjen moatte dat wy it Nederlânsk net út it each ferlieze”, sei Presley Bergen fan aksjegroep Beter Onderwijs Nederland (BON) krigelich. “Dat liket my de wrâld op ‘e kop!”

BON hat al langer slim noed oer de feringelsking fan it heger ûnderwiis en driget mei in rjochtsaak tsjin de oerheid. Neffens de wet moatte kolleezjes en tentamens yn prinsipe yn it Nederlânsk jûn en ôfnommen wurde, al binne der útsûnderingen mooglik. Oft dy wol en net jilde, dêroer waarden Bergen en jurist Janneke Gerards fan wittenskipsgenoatskip KNAW it net iens.

Kalm oan
Wol stimde elkenien mei Rhea van der Dong, foarsitter fan it Interstedelijk Studenten Overleg, yn doe’t sy de ynstellingen oantrune ta hoedenens. “Wy hawwe noed oer de oergong nei it Ingelsk, just om’t dy sa hurd giet.” Lit dêrom de meisizzenskip beslisse oft en wannear’t opliedingen Ingelsk wurde, demonstrearre se.

En sa waard der eins foar it earst wat sein dêr’t elts mei ynstimme koe. It lêste wurd – oft it no yn it Nederlânsk is of yn it Ingelsk – is foarearst noch net sein oer de fiertaal yn it heger ûnderwiis. Mar net te hurd foar de muzyk útrinne wolle, dat liket elkenien in wiis útgongspunt.

desimber 12, 2017 11:08
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric desimber 13, 13:06

    En ferjit it belang fan gebaretaal net, want wy wurde allegear dôf. (En dôfhûdich, in oar ferhaal).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.