Kursussen foar politisy, moat dat?

desimber 2, 2017 20:00

Kollum fan Frâns Kuipers

De gemeenteriedsferkiezingen fan 21 maart 2018 steane foar de doar en de riedsferkiezingen fan 22 novimber yn de weryndielingsgemeenten hawwe krekt west. Lutz Jacobi – foarhinne lid fan de Twadde Keamer – waard listlûker fan de PvdA foar de nije gemeente Leeuwarden, om tefoaren te kommen dat har partij net al te bot ferlieze soe. Dat is slagge, mar oft dat troch har kaam is net goed oan te jaan, melde de kranten. It CDA yn de nije gemeente Leeuwarden/Ljouwert krige de restsit net. Der wiene mear kapers op ’e kust, dy’t jacht makken op in sit. Ik lit de oare weryndielingsgemeenten – dat hie nea moatten trouwens (!) – efkes sitte.

Ik gean ek net yn op al it kulturele moais dat op it programma fan LF2018 stiet. Dat rint as in trein, as men yn de media de pommeranten in bytsje folget. De measte gemeenten dogge deroan mei, in protte ynwenners sette harren yn, kultuerynstellingen litte sjen en hearre wat se yn ’e hûs hawwe, en gean sa mar troch. Om koart te kriemen: it wurdt in ‘knal LF2018’.

De fjoerwurkknallen kin men al oankommen hearre en sjen. Hast oeral is lêst fan te betiid ôfstutsen fjoerwurk. Yn de media is dat te fernimmen oan de warskôgingen foar gefaarlik fjoerwurk en de ûngelokken dy’t dat meibringt; dokterswachten, sikehuzen, eachdokters en de plysjemacht, dy ’t allegearre yn it spier komme moatte om de drokte fan âldjiersdei en ‑nacht goed te behearskjen. De boargemasters steane op skerp en de kommissaris fan de Kening Anno Brok ek. Undersykskommisje Joustra oer de oerlêst en de gefolgen fan âld- en nijjiersfjoerwurk, stelt út om fjoerwurk fan 2019 ôf te ferbieden. Joustra yn it sjoernaal: “As jo gjin fjoerwurk brûke, dan komme der ek gjin ûngemakken!” Sa simpel leit it. Der sille grif foarstanners fan it behâlden fan fjoerwurk en feesten yn aksje komme, mar de A7 sil wol frij bliuwe, liket my sa ta.

Ik wol it fierder net hawwe oer it wol of net tastean fan fjoerwurk. En it giet yn dizze kollum ek net oer ‘mear Frysk oeral yn Fryslân’, want dat sprekt foar himsels. Hoewol? Boargemaster Gerbrandy prate Hollânsk tsjin de skoallebern yn it gemeentehûs fan Achtkarspelen. Ek song hy Hollânske sinteklaasferskes mei dizze skoalbern. Is dit in putsje foar dochgroep Sis Tsiis, de Ried fan de Fryske Beweging of de FNP of sa? Beskamsum is it eins wol, want Bûtenpost hat trijetalige skoallen.

Nee, ik wol it gewoan hawwe oer it groeiend tal nije riedsleden, steateleden en keamerleden fan aloan mear nije partijkes. Okkerdeis wie dêr yn de Twadde Keamer in diskusje oer. It gie foaral oer it tanimmend tal nije lokale en one-issuepartijen, dy’t foech krije om mei te praten, te tinken en te besluten oer ús as ynwenners, en oer hokker kant it allegear út moat mei in gemeente, in provinsje of Nederlân. ‘Wat sjitte wy dêrmei op?, wie de fraach. De polityk is wat langer wat mear fersplintere en it begjint derop te lykjen dat yndividuën foar harren sels oan ’e gong binne of geane om op it plus sitte te kinnen.

De Twadde Keamer wol it safier sjen te krijen dat riedsleden in kursus Riedslid folge hawwe ear’t se oan ’e slach kinne, want in protte nije riedsleden witte soms net iens hoe’t it der om en ta giet yn in gemeentehûs, hoe’t in gemeenteried wurket, hoe’t útstellen op papier set wurde moatte, hoe’t moasjes yntsjinje wurde, wat ynwenners, bedriuwen en belangegroepen wol of net samar tasein wurde kin, en gean sa mar troch.

Gruttere partijen mei in lange skiednis – lykas it CDA, de PvdA, de VVD en no ek GrienLinks – hawwe sa’n oplieding wol goed op oarder. Foarum foar Demokrasy docht it ek goed. Kolleezjes troch Thierry Baudet sels mei djipsinnige teksten fan filosofen. Hy lûkt, as beflein begjinnend politkus, folle sealen. Poe!

By sawat alle partijen moatte hjoed-de-dei nije kandidaten – soms mei help fan advertinsjes en spesjale kampanjes – socht wurde. Eins te gek foar wurden, mar hawar. De oanrekommandearre aspirant-riedsleden wurde troch fertrouwenskommisjes hifke oft se wol geskikt binne, oft se efter de ideeën fan de partij steane en dy goed ûnder wurden bringe kinne, oft se goed mei minsken omgean kinne en net al te maklik fan alles tasizze om de geunst te winnen fan sakeminsken en belangegroepen en gean sa mar troch. Dat lêste slûpt der wolris yn fansels, want noch altyd komme der politisy mei foarkarsstimmen yn de Ried, de Steaten of de Keamer.

As in riedslid ienris teplak sit, komt it echte wurk en earst dan kriget er/se yn ’e gaten dat it in protte tiid kostet en dat alles wat yn it ferkiezingsprogram stiet net samar wier makke wurde kin. Sawat it hiele parlemint sit premier Rutte – en Buma, Seegers en Pechtold ek – efter de broek omdat se bedriuwen lykas Shell en Unilever fan tefoaren tasein hawwe dat de dividintbelesting net mear foar harren jilde soe. Foar hege politisy en bestjoerders is soks in misgreep, mar it komt legere politisy ek oer. De gewoane man of frou hat dat goed troch. De wierheid leit op strjitte en dêrom fine jo yn ferkiezingsstriid politisy op strjitte, want dêr komt er de gewoane man of frou tsjin. Mar no dwaal ik ôf.

Politike kursus op It Hearrenfean. Foto Omrop Fryslân / Onno Falkena

Ik wol jimme gewoan witte litte dat ik my wol fine kin yn ferplichte kursussen foar riedsleden foardat se op in kieslist komme en de kâns rinne om riedslid te wurden. Mar, soks soe dan ek jilde moatte foar steateleden en keamerleden. Wêrom? Se krije fan ús as befolking de ferantwurdlikheid om ús belangen op demokratyske wize sa goed mooglik jilde te litten. Dus is it fan belang dat alle folksfertsjintwurdigers goed witte hoe’t de foarke yn de stôk sit. Ik hie myn steatewurk winliken noch better dwaan kind as ik ek soksoarte politike kursussen folge hie.

desimber 2, 2017 20:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Johannes desimber 3, 10:05

    Frans Kuipers moat sels ek op kursus. De weryndielingen ferkiezingen wiene op 22 novimber 2017.

  2. Redaksje It Nijs desimber 3, 13:55

    It is ûnderwilens ferbettere. Tank foar de tip, Johannes!

  3. Nico desimber 6, 14:16

    Johannes moat better lêze. Frans kuipers skriuwt dat de werindelingsferkiezings krekt west binne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*