Kreaasjes fan Moniek Miedema op Masters of LXRY

desimber 7, 2017 16:30

Kreaasje fan Moniek Miedema

Moniek Miedema iepene trije en in healjier lyn har earste ByOni-winkel yn ’e Sint Jacobsstrjitte 2-4 yn Ljouwert. No sneon lit de kreative moadeûndernimmer foar it earst har kolleksje sjen op de Masters of LXRY yn de RAI yn Amsterdam.

De couturekolleksje dy’t Moniek Miedema toant op it meast prestizjeuze libbensstylevenemint fan Europa is makke foar krêftige froulju, sa berjochtet it bedriuw. De in healoere duorjende sjo set útein op 9 desimber om 16.30 oere en bestiet út aparte jurken dy’t allegear yn Nederlân makke wurde. Se fariearje fan draachber oant keunstsinnich. Sa binne der bygelyks jurken makke fan lear út de Nederlânske yndustry, mar ek fan yogamatsjes en houten pallets. Yn totaal wurde der sa’n santich kreaasjes toand, dy’t stik foar stik opfalle troch har kleurgebrûk, bysûndere detaillearring en materiaal.

De muzyk foar de sjo is fan Miedema’s soan, de muzykprodusint Acos (Nothing Beatz). Hy komponearre spesjaal foar de sjo op Masters of LXRY it nûmer ‘Dreamz’.

Masters of LXRY fierde ferline jier syn fyftjinjierrich jubileum. De beurs toant it bêste út de wrâld fan moade, horloazjes, sieraden, keunst, ynterieur en noch folle mear. Dizze Design-edysje is de grutste út de skiednis fan Masters of LXRY. Nei Moniek Miedema sil Ronald Kolk in moadesjo jaan op itselde haadpoadium.

desimber 7, 2017 16:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*