Katalanen tongersdei wer nei de stimbus

desimber 20, 2017 08:42

De Katalanen sille tongersdei op ’e nij nei de stimbus om in nij regioregear te kiezen. Nei it referindum fan 1 oktober, it iensidich útroppen fan de ûnôfhinklikheid en de machtsoername fan it Spaanske regear is der foaral ferlet fan dúdlikens ûnder de Katalaanske befolking.

It liket derop dat de ûnôfhinklikheid minder libbet as begjin oktober, mei it referindum. Doe streamden de strjitten fol mei aksjefierders en wiene der hast alle dagen demonstraasjes. Dat is no net sa, mar der wurdt wol kampanje fierd op de sosjale media. De separatisten wolle graach bewize dat in mearderheid fan de Katalanen efter har ûnôfhinklikenswinsk stiet. Op de krystmerk yn Barcelona binne de measte besikers yndied foar in ôfskieding fan Spanje, docht bliken út in peiling fan de NOS.

desimber 20, 2017 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.