Jonge Friezen wolle wól lêze, allikegoed nijs yn it Frysk

desimber 2, 2017 13:03

Aline Heida en Lidewey Porte fan it Bornego Kolleezje op It Hearrenfean hawwe foar harren profylwurkstik ûndersocht hoe’t jonge minsken stimulearre wurde kinne om yn it Frysk te lêzen. Om’t de redaksje fan nijsside ItNijs.frl wol graach witte woe hokfoar berjochten jonge Friezen ynteressearje, ha de fammen dêr in enkête oer holden ûnder de learlingen fan harren skoalle. Oan learlingen fan tusken de 13 en 17 jier âld binne foar eltse leeftyd fiif famkes en fiif jonges ûnderfrege; mei-elkoar waarden 50 ynfolle frageformulieren sammele.

Aline Heida en Lidewey Porte presintearren dizze wike harren profylwurkstik oer nijs yn it Frysk op it Bornegokolleezje.

Aline en Lidewey sjogge yn de resultaten fan harren ûndersyk net folle werom fan it algemiene tinken dat ‘de jongerein net mear lêze wol en alhielendal gjin Frysk’. No ja, nijsberjochten oer polityk wurde oerslein. En de jongste jonges bekroadzje harren noch net sa om it nijs; de ynteresse dêrfoar nimt ta mei it opgroeien. By de famkes is dat oars: dy fan trettjin ha ek al niget oan aktualiteiten. Der binne ek mear famkes dy’t krantlêze as jonges. Fierders lykje jonges, ferlike mei famkes, oer it generaal mear ynteressearre yn sport en ferneamde persoanen as yn it oare aktuele nijs. Ienriedigens is der by alle ûnderfrege learlingen dat nijs oer rampen, fermissings en ûngemakken it meast nijsgjirrich is. Faaks ûnferwachte: nijs oer bisten en natuer is net sa populêr by it jongfolk. Ofbyldings by it nijs binne tige wichtich.

En it Frysk? Ta harren eigen fernuvering konstatearren Aline en Lidewey dat mear as de helte fan de ûnderfrege learlingen wol al ris wat yn it Frysk lêst. En 70 % kiest op de fraach oft hja nijs dat harren ynteressearet yn it Frysk lêze wolle it andert: ‘Ja, leuk!’

Foar It Nijs spesjaal ek nijsgjirrich wie it antwurd op in fraach nei ynteresse yn lokaal, nasjonaal of ynternasjonaal nijs. Under de enketearren skoart ‘nijs út de hiele wrâld’ fierwei it bêste: twatredde wol dat lêze. It liket der dus op (alteast neffens de resultaten fan dit relatyf beheinde ûndersyk) dat jonge Friezen iepen steane foar Frysktalich wrâldnijs. Wylst op ItNijs.frl it nijs út Fryslân oant no ta noch it bêste lêzen wurdt – om’t âldere lêzers noch net wend binne oan oar nijs yn harren eigen taal? – is dat in opstekker foar de webside mei it biedwurd ‘Wraldwiid nijs yn it Frysk’.

desimber 2, 2017 13:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*