Isa Zwart wint op Suns mei Drintsk ferske
Resint ferskynd
De santjinjierrige Isa Zwart út Barger-Oosterveld hat sneontejûn de publykspriis wûn op Suns, in jierliks sjongfestival foar ferskes yn minderheidstalen. Dit jier waard it festival hâlden yn it Italiaanske Udine. Isa Zwart song dêr it ferske Mamme see, yn it Drintske Nedersaksysk.
De sjuerypriis wie foar de Switserske sjonger Tumasch E. Hy song yn it Retoromaansk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje