In alternatyf foar Frjentsjer?

desimber 5, 2017 08:54 Fernijd

Kollum fan Jabik van der Bij

Frjentsjerter Akademy

Dat Fryslân syn universiteit (eins: Akademy) yn Frjentsjer kwyt rekke is, is foar in protte Friezen in tear punt. As it te praat komt, dan is it mei spitigens. By guon is dat in gefoel as is Fryslân ûnrjocht oandien. Sa fan wy hearre hjir in eigen universiteit te hawwen. Salang’t dat net it gefal is, hawwe oaren dy’t it der net by sitte litte wolle, sels wat útfûn wat der in bytsje op liket. Alteast troch it de namme fan universiteit te jaan liket it krekt as ha wy hjir wol sa’n ynstitút. Yn Frjentsjer is in stifting aktyf ûnder de namme Stichting Frjentsjerter Universiteit. Elk jier binne der twa kolleezjedagen oer in ûnderwerp dat ferbân hâldt mei Fryslân. Dat is moai, mar it is fansels in surrogaatuniversiteit. Dat sil net folle feroarje as der skielk ek noch in pear simmerkursussen ûnder deselde stiftingsparaplu holden wurde. Hegeskoalle Stenden neamt himsels ek ‘university’, mar is it dêrtroch fansels noch net. De saneamde ‘academical drift’.

Beursgebou, Ljouwert

Yn ’e simmer fan 2018 giet der yn Ljouwert in snipel fan universitêr ûnderwiis út de startblokken. Kertiermaster Jouke de Vries wurket him út ’e naden om alles op tiid foarinoar te krijen. It ûnderwiis wurdt ûnderbrocht yn it eardere beursgebouw yn Ljouwert. Nei it debâkle fan de eksperimintele sosjale fakulteit yn de santiger jierren mei it no net wer mislearje. De grutte fraach is oft de tiid no wol ryp is foar in universiteit yn Fryslân. Mei opset sin sis ik net “om Fryslân syn universiteit werom te jaan”. Dat soe te folle meigûlen wêze yn it koar fan lju dy’t miene dat ús wat ôfpakt is en foar it gemak efkes ferjitte dat it net libbensfetber wêzen yn 1811 de oarsaak wie fan it sluten fan ‘Frjentsjer’.

Men soe tinke dat it in gouden greep wie fan de organisatoaren fan de Fedde Schurerlêzing[1] om immen út te nûgjen dy’t in beskôging jout oer de fraach “Hoe wezenlijk is een universiteit voor een provincie? Reflecties vanuit de geschiedenis, in Friesland en elders”, lykas de titel fan it referaat wie. Professor dr. Wilem Frijhoff fan de Erasmus Universiteit soe ús miskien fierder helpe kinne. Sneon 25 novimber wie syn lêzing yn Tresoar. Syn ferhaal wie neat mis mei. It joech in oersjoch fan it universitêre dwaan en litten fan de midsiuwen oant hjoed en fan Arabië oant Nederlân. Yn syn ‘refleksje’ sette Frijhoff foar syn harkers in tal aspekten dy’t it hawwen fan in universiteit meibringt, op in rychje. Dat in universiteit in posityf imago oan in streek of provinsje jout, is net nij. Itselde jildt foar de ekonomyske ympuls dy’t derfan útgiet. Lyksa sil it nimmen fernuverje dat der yn in streek mear jongelju oan it heger ûnderwiis dielnimme as der sa’n ynstitút yn ’e buert is. De sifers foar Fryslân befêstigje dat. Sa kinne der noch wol wat saken neamd wurde dy’t in provinsje foarút helpe. Allinne al út dat eachpunt is it te begripen dat provinsjale oerheden har ynsette foar universitêr ûnderwiis yn de eigen regio, neffens Frijhoff.

Frijhoff wie fan betinken dat in universiteit foar “de Friese natie in de Nederlandse staat” yn de Gouden Iuw tige wichtich west hat foar in brede ûntjouwing fan de Fryske mienskip. Mar oft dy needsaaklik wie betwivele er. It Fryske kulturele libben kaam letter doe’t der gjin universiteit mear wie, likegoed ta bloei. Yn dat ferbân wiisde de sprekker derop dat de earste universiteiten yn de midsiuwen eins ek sletten bolwurken wiene foar wittenskiplike foarming en wittenskiplik wurk. Hjoed-de-dei is de rol fan de universiteit neffens Frijhoff dochs wol wat feroare. De wittenskip kin him net mear opslute yn in ‘ivoren toren’. Belutsenheid by stêd en regio is in wêzentlik bestândiel wurden fan de universitêre mienskip. Syn konklúzje is dan ek dat Fryslân net sûnder universiteit kin as de provinsje mei wol yn de ûntjouwingen fan dizze tiid.

Der binne wol wat kanttekeningen te pleatsen by dy lêste konklúzje. De wrâld is bot feroare sûnt de 16e iuw doe’t de Frjentsjerter universiteit stifte waard. Fryslân hie doe de swaai makke nei it protestantisme. De machthawwers yn ’e provinsje seagen dat der ferlet wie fan nij oplate dominys. Omdat it kleaster yn Frjentsjer dochs leechkaam koe dêr skoan de nije universiteit yn. Dy kar soe wolris mei de reden fan de ûndergong fan de Frjentsjerter universiteit wêze kind ha. Min kin jin ôffreegje oft der hjoed-de-dei ek sprake is fan sa’n ferlet oan nije opliedingen. It sil net tafalle om in plakje te feroverjen tusken alle besteande ynstituten. Der binne ommers genôch en sprekt in universiteit yn Ljouwert studinten oan? De tiid sil it leare. Miskien lizze der wol mear kânsen troch de hegeskoallen útgroeie te litten ta universiteiten. It ûnderskied tusken it heger beropsûnderwiis en it universitêr ûnderwiis is de lêste desennia hieltyd lytser wurden. Der binne hiel wat opliedingen oan de universiteit dy’t men rêstich beropsopliedingen neame kin en op hiel wat hegeskoallen wurdt no wittenskiplik ûndersyk dien. Soene der foar Fryslân net mear kânsen lizze yn in eksperimint om dy beide foarmen fan ûnderwiis yninoar te skowen? No’t NHL en Stenden fusearje, lizze der nije kânsen. Wetsus en de Fryske Akademy soene har oanslute kinne: mei-inoar sterk. De technyske hegeskoallen fan Delft, Twinte en Eindhoven ha dy stap yn it ferline meitsje kinnen. Dat liket my kânsriker as in splinterke fan Grins yn Ljouwert te begjinnen, al hoe graach ik it Ljouwert ek gun.

[1] Yn 2011 wie it sechtich jier lyn dat der rebûlje op it Saailân wie yn ferbân mei in rjochtsaak dêr’t de skriuwer, politikus en kranteman Fedde Schurer foar de rjochtbank ferskine moast omdat er immen fan de rjochtbank misledige hawwe soe. Yn it betinkingsjier 2011 is de earste Fedde Schurerlêzing organisearre om 16 novimber (Kneppelfreed) hinne. Kneppelfreed is omstannich beskreaun op www.kneppelfreed.nl.
desimber 5, 2017 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*