Ien nij taryfsysteem foar busferfier

desimber 6, 2017 16:11

Ien ienfâldich en oantreklik pakket foar it iepenbier ferfier yn Fryslân. Dêr stribje de provinsje Fryslân en ferfierder Arriva nei mei in nij taryfsysteem foar it busferfier. Fan 1 jannewaris 2018 ôf jilde yn hiel Fryslân deselde regionale abonneminten foar busreizgers. No’t Arriva de iennige ferfierder yn Fryslân is, fine Deputearre Steaten dat der in ein komme moat oan de fragen en ûndúdlikens by reizgers, busjauffeurs en de klanteservice.

Wichtichste wizigingen
De wichtichste wizigingen yn it taryfsysteem binne dat de stjerabonneminten aanst net mear besteane. Sa’n abonnemint is in soarte fan ôfkocht reisrjocht basearre op sônen. De koarting fan 50% foar skoalbern bliuwt bestean. Fierder komt der in koartingssysteem, it ‘Dalkortingsproduct Noord-Nederland’. Deputearre Johannes Kramer: “Dit is in earste stap nei in Noardlike trajektkaart, lykas beskreaun yn it koälysjeakkoart. Dat makket it mooglik om sûnder problemen te reizgjen tusken ferskate konsesjes yn Noard-Nederlân.” It kilometertaryf foar alle Q-liners wurdt ek gelyklutsen. It kontant beteljen yn de bus kin fan 1 jannewaris 2018 ôf net mear.

Betelje sûnder kontant jild
Mei it beteljen sûnder kontant jild giet Fryslân mei yn de lanlike ûntwikkeling. Oer it hiele lân besjoen binne der de lêste jierren hieltyd mear oerfallen yn de bus. Dêrom komme yn alle bussen pinapparaten. Op 36 plakken yn de provinsje kin mei kontant jild in kaartsje kocht wurde, bygelyks by Primerawinkels en by de Arriva servicebaly.

Kampanje
Arriva start heal desimber in kampanje om de reizger foar te ljochtsjen oer de feroaringen. Mei folders kinne reizgers aanst bepale watfoar abonnemint foar harren it gaadlikst is. Foar reizgers dy’t te meitsjen krije mei fikse priisstigingen, komt der in oergongsregeling. Dêrby kriget de reizger yn 2018 foar in part kompinsaasje foar de ekstra kosten dy’t hy of sy makket. Op dy wize wurdt in stadige oergong nei it nije abonnemint mooglik makke.

desimber 6, 2017 16:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*