Heech wetter troch teiende snie

desimber 18, 2017 18:44

De earste helte fan desimber wie bûtenwenstich wiet. Mei op de measte plakken 75 oant 100 mm delslach – yn de foarm fan rein, hagel, wiete en drûge snie en sels izel – wie it neffens Weerplaza de wietste earste desimberhelte sûnt 1999, yn De Bilt sels sûnt 1966. In 45 oant 50 mm is normaal foar dat tiidrek. Nei’t der yn it Rivieregea ferline wykein earst 20 sm snie fallen wie, kaam der ôfrûne woansdei nochris 20 mm rein efteroan, dy’t bewurkmastere dat de snie fluch teide. Dat resultearre yn sa’n 40 mm (= 40 kuub de bunder) wetter dy’t no wer yn ien kear ôffierd wurde moat. Mei noch in grutte bats út it like wiete Dútslân derby steane de rivieren op it stuit oerrinnende fol.

Foto boppe: juster lei der op de hegere parten fan de Feluwe lykas by Heech Soeren noch hieltyd moai wat snie.

Foto’s ûnder: By Welsum streamden troch bûtenwenstich heech wetter yn de Isel de uterwaarden hjoed fol.

©ItNijs.frl

desimber 18, 2017 18:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.