Hampshire Sint-Nyk ynvestearret yn nijbou en nije namme

desimber 7, 2017 10:16 Fernijd

It nij multyfunksjoneel gebou by it hotel yn Sint-Nyk

Op it stuit wurdt by it Hampshire Hotel yn ’e buert fan Sint-Nyk hurd wurke oan in nagelnij multyfunksjoneel gebou dat romte biede moat oan maksimaal 120 persoanen.  It hotel sil yn ’e maityd fan 2018 fierder ûnder in nije namme: Landhotel de IJsvogel.

Bas Reurink, manager fan it fjouwerstjerrehotel, leit út: “Takom maityd hâlde we op as ûnderdiel fan de Hampshiregroep en sille we selsstannich fierder. Foar ús betsjut dat in moaie kâns om nije plannen te realisearjen.” Ien fan dy plannen is de nijbou fan in 100 m2 grutte multyfunksjonele seal mei ûntfangstromte, profesjonele keuken en fergaderfasiliteiten. De romte is gaadlik foar troufeesten, itensiederswurksjops, gearkomsten en oare grutte partijen. In grut terras, mei útsjoch oer de greiden, makket it plaatsje folslein. It terras kin oerdutsen wurde, wêrtroch’t in kapasiteit fan 120 persoanen ûntstiet. Fan heal jannewaris ôf is de lokaasje klear om boekt te wurden.

It lânhotel bestiet al goed tritich jier en leit prachtich tusken de Fryske greiden. By it hotel is in 18-holes golfbaan. It hotel beskikt fierder oer in tennisbaan, elektryske fytsen, ferwaarme bûtenbad, badhûs mei Finske sauna en à-la-carterestaurant ûnder lieding fan Hilbrand Gils. It hotel organisearret ferskate aktiviteiten lykas golfarranzjeminten, ballonfearten, sloepeferhier en spesjale krystdiners. It lânhotel is fêst ûnderdiel fan de Krystkuier Sint-Nyk, de pleatslike kulinêre krystkuiertocht.

desimber 7, 2017 10:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*