Fryslân jout mei feestdagen foarkar oan sinnefakânsje boppe famyljekrystmiel

desimber 7, 2017 16:11

De helte fan de Friezen is yn de winter leaver op in sinnich plak as yn eigen lân
Sawat fjouwer op de tsien Nederlanners fiere de feestdagen leaver op in wintersk sinneplak as mei de famylje oan it krystmiel. By de ynwenners fan Fryslân leit dat getal heger. Sa’n 43% betanket leaver foar it krystmiel en giet nei in wintersk sinneplak.
Yn trochsneed 26% fan de Friezen twivelet noch tusken in wintersinnefakânsje en in fjouwergongekrystmiel mei de famylje. 31% kiest is fêst beret en kiest foar it krystmiel, docht bliken út in wintersinne-analyze fan Corendon.

Goed de helte fan Fryske ynwenners slacht it winterskoft it leafst hielendal oer
De kjeld en it minne waar yn Nederlân ûntrinne, dat is de wichtichste reden om op wintersinnefakânsje te gean. Net minder as 59% fan de Friezen soe de winter yn eigen lân sels it leafste al hielendal oerslaan en oerwinterje yn in waarm lân.

10% fan de Nederlanners fiert de kommende feestdagen yn ‘e sinne
De kommende krystdagen en jierwikseling wurde troch ien op de tsien Nederlanners fierd of ûntrûn op in wintersinneplak. Sa’n 2% fiert allinnich de jierwikseling yn in sinneplak, 4% krekt allinnich de krystdagen. Nochris 4% fiert sawol Krystiid as Ald en Nij op wintersinnefakânsje. De favorite moanne om op wintersinnefakânsje te gean is oars mei 23% net desimber, mar febrewaris.

Curaçao en Spanje favorite wintersinnefakânsjeplakken
In lyts part fan de fakânsjegongers (1%) makket it net safolle út wêr’t de wintersinnereis hinnegiet, as de sinne mar skynt en it dêr waarm is. In fjirdepart fan de Nederlanners wiist Curaçao oan as ultime wintersinnebestimming en 18% kiest foar de sêfte wintersinne op de Kanaryske Eilannen. Corendon hat foar de kommende winter de nije bestimmingen Arûba, Bonêre en Tailân taheakke oan syn assortimint fakânsjebestimmingen.

It wintersinne-ûndersyk is útfierd ûnder 1520 respondinten dy’t alris in reis by Corendon boekt hiene. Mear ynformaasje is te finen op corendon.nl/winterzon-onderzoek.

desimber 7, 2017 16:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*