Fraachpetear mei de Baskyske skriuwer Eneko Aizpurua Urteaga

desimber 7, 2017 15:21

Eneko Aizpurua Urteaga (foto: Ensafh/Hedwig Terpstra)

“I’m trying to achieve a balance between writing on my novel project and learning about the Frisian culture.”

Yn it ramt fan it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden is de Baskyske skriuwer en oersetter Eneko Aizpurua Urteaga (1976, Lazkao, Baskelân) te gast yn Ljouwert. Hy is op 20 oktober oankaam en sil hjir bliuwe oant mids desimber en wurkje oan syn nije roman.

Hy publisearre oant no ta trije misdiedromans: Lehertu da festa (It is feest, 2016), Herensuge gorriaren urtea (It jier fan de reade draak, 2013) en Errauts (Jiske, 2011). Yn 2008 wûn er de twadde priis by the Iruñea literatuerpriis foar jonge skriuwers, yn de kategory koart ferhaal, mei Fortunaren gurpila (Rêd fan fortún). Hy sette it essay Der Europäische Landbote (2017) fan de Eastenrykske skriuwer Robert Menasse oer yn it Baskysk. Eneko is ôfstudearre yn Rjochten en wurket as oersetter by de Universiteit fan Navarra.

Lês fierder by Literêr Tydskrift Ensafh.

desimber 7, 2017 15:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*