Folkshegeskoalle Schylgeralân santich jier

desimber 24, 2017 07:57

De Folkshegeskoalle Schylgeralân (FHS) op Skylge bestiet takom jier santich jier. Unyk, want dy Fryske kulturele ynstelling is de iennige noch oerbleaune folkshegeskoalle yn Nederlân. Sûnt de oprjochting yn 1948 diene in soad minsken mei oan in aktiviteit fan de Folkshegeskoalle. It jubileum wurdt ûnder oare fierd mei in grutte Simmerkamp Reüny yn juny 2018.

Al sûnt de oprjochting wurde der Fryske simmerkampen foar jongerein en bern op de Folkshegeskoalle organisearre. Goed trijetûzen jonge Friezen hawwe yntusken op in Simmerkamp west op Skylge. Keet skoppe, ferskes sjonge, de bûnte jûn, libben Stratego en genietsje fan strân en bosk binne al dy jierren weromkommende eleminten. No ek  noch organisearret de FHS alle jierren trije Simmerkampen. Elkenien dy’t ea op kamp west hat, lieding en bern, is fan herte útnûge foar de Simmerkamp Reüny. Dy wurdt holden yn it wykein fan 29 juny o/m 1 july 2018. Opjaan kin fia de webside, www.folkshegeskoalle.frl.

Santich jier Folkshegeskoalle
Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden rûnom yn Nederlân folkshegeskoallen oprjochte. Minsken koene inoar dêr moetsje, de eigen kultuer en identiteit belibje en genietsje fan aktiviteiten. Yn ’e rin fan de tiid binne de folkshegeskoallen ien foar ien ferdwûn, mar de Folkshegeskoalle Schylgeralân is der noch hieltyd. Jierliks komme dêr tûzenen minsken fan alle leeftiden foar kursussen en aktiviteiten. Fierders komme der alderhande organisaasjes, skoallen en groepen foar aktiviteiten en oernachtingen.

Bunkers
De Folkshegeskoalle is in bysûndere akkommodaasje, boud op fûneminten fan de Atlantikwall, bunkers út de Twadde Wrâldoarloch. Dy bunkers hawwe no in funksje as sliepkeamer of ytseal. Tusken de lytsere munysjebunkers yn de tún is yn 2017 in iepenloftteäter boud. De oare gebouwen fan de akkommodaasje binne ûntwurpen troch de bekende Fryske arsjitekt Gunar Daan (1939-2016).

desimber 24, 2017 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.