Fikse groei grutte stêden yn Nederlân

desimber 6, 2017 11:15

De fjouwer grutte stêden yn Nederlân groeie fiks, mei Amsterdam as útsjitter.

Foto: pixabay.com

Amsterdam
Foaral Amsterdam groeit hurd, mei jierliks sa’n 10.000 nije ynwenners. Dy binne allegear op syk nei betelbere wenromte. Just dêr is yn de haadstêd al jierren in grut gebrek oan. Dêrom dat de stêd besiket om by nijbou faker te kiezen foar wenromte foar de lege en middenynkommens. Woansdei presintearret Amsterdam de wentebousifers oer 2017.

Dit jier is de haadstêd úteinset mei de bou fan 7264 wenten. Dêrmei is foar it fjirde jier achterinoar it tal nij te bouwen huzen útkaam boppe de ôfsprutsen 5000 wenten jiers. Yn totaal is der yn de ôfrûne fjouwer jier úteinset mei de bou fan 26.528 wenten. Dochs is der noch in soad wurk te dwaan. De hier- en keapprizen fan besteande wenten yn Amsterdam wurde troch de merk bepaald. Dat driuwt de priis op, om’t de fraach nei wenromte noch hieltyd grutter is as it oanbod.

Rotterdam
Rotterdam hat de ôfrûne fjouwer jier hast 8000 wenten realisearre. Neist nijbou komme der yn ’e stêd ek huzen by trochdat romte foar soarch omset wurdt nei nije wenten. Dêr binne op it stuit gjin sifers fan. Wol is dúdlik dat de stêd de kommende jierren flink útwreidet. Yn twa jier moat de wentefoarrie mei 10.000 huzen tanimme.

De Haach
De Haach groeit de kommende jierren ek. De stêd rûst dat der sa’n 2500 nije wenten nedich binne. De Haach hat oars as oare grutte stêden gjin mooglikheid om bûten de stêd te bouwen. De oanlis fan grutte finekslokaasjes, lykas wenst yn de njoggentigerjierren, kin net mear. Ein tachtiger en begjin njoggentiger jierren is De Haach krompen nei likernôch 450.000 minsken. Underwilens telt de stêd wer sa’n 526.000 ynwenners.

Utert
Yn Utert nimt it tal oplevere wenten fluch ta. De lêste fjouwer jier binne der hast 9000 wenten oplevere. De measte wenten wurde boud yn de nijbouwyk Leische Rijn. Mar yn East en Súdwest binne der ek hûnderten huzen bijkaam. Utert ferwachtet in groei fan 25 persint tusken 2016 en 2040. De kommende goed tweintich jier wurde 41.540 nije wenten oplevere.

desimber 6, 2017 11:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*