Famylje fermiste Remon Bruinsma docht driuwende oprop

desimber 4, 2017 15:28

Foto’s: Facebook/Ansje Dijkstra

De famylje fan de fermiste Remon Bruinsma (18) út De Westereen docht in driuwende oprop oan minsken yn Ljouwert om foto- en filmmateriaal te besjen fan de nacht fan ôfrûne tongersdei op freed. Tsjin Omrop Fryslân seit de famylje hiel wanhopich te wêzen.

“Sjoch asjeblyft. As jo wat tsjinkomme wêrfan’t jo tinke dat it Remon wêze kin, jou dat dan troch oan ús of oan de plysje fia 0900-8844. Wy tinke dat der wat hiel slims oan de hân is,” seit Ansje Dijkstra, de mem fan Remon. “De speurhûn fan de plysje hat in spoar fûn dat rjochting De Harmonie yn Ljouwert giet. De plysje wol dêr fierder sykje, mar de sonarboat wêrmei’t se dat dienen, is op it stuit yn Seelân oan it sykjen nei ien fan de fiskers dy’t dêr fermist rekke mei de boat.”

De oprop fan de mem fan Remon is al mear as 1500 kear dield. De plysje giet moandei fierder mei de syktocht nei Remon Bruinsma. Se sykje mei mear boaten yn in grutter gebiet. Remon Bruinsma wie mei syn freon Arno Geerdink op stap yn Kafee de Kantelaar, midden yn de Alde Doelesteech. Dêr waard er foar it lêst sjoen. Syn mobyl waard in dei letter fûn op de Nijstêd tichtby de C&A.

De plysje hat moandeitemoarn de plysjehelikopter ynset om fan boppe Ljouwert te sykjen nei Remon. Oant no ta is de Westerener noch hieltyd net fûn.

Boarne: Omrop Fryslân

desimber 4, 2017 15:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*