DNB warskôget foar ôfskaffing oanfoljende soarchfersekering

desimber 5, 2017 09:05

Foto: pixabay.com

De oanfoljende soarchfersekerings driigje yn ’e takomst te ferdwinen. De soarchfersekerders fertsjinje der net genôch mear oan en hawwe der soms sels ferlies fan, warskôget De Nederlandsche Bank, dy’t tafersjoch hâldt op de fersekerders. Dêrtroch bestiet de kâns dat de toskedokter of de fysioterapeut net langer te fersekerjen is foar in akseptabel bedrach, wêrtroch’t de tagonklikens fan beskate soarch yn ’e knipe komt.

In protte minsken fersekerje harren inkeld noch oanfoljend as se beskate behannelings oankommen sjogge. 84 persint fan de fersekere minsken hat no in oanfoljende fersekering. Yn 2006 wie dat noch mear as 93 persint. In oanfoljende fersekering is in kommersjeel produkt, yn tsjinstelling ta de basisfersekering. Soarchfersekerders bepale sels hokker soarch se fergoedzje, wat de hichte fan de preemje is en wa’t de fersekering ôfslute kin.

DNB stiet der by de fersekerders op oan om nije manieren te betinken om temjitte te kommen oan de winsken fan de fersekere minsken en tagelyk jild te fertsjinjen oan de oanfoljende pakketten. Se soene bygelyks fersekerings oanbiede kinne foar ferskate jierren en klanten koarting jaan kinne as se in sûnensprogramma folgje.

desimber 5, 2017 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*